Jan Willem Zwart: Libje

july 27, 2019 20:00

Kollum

foto Jan Willem Zwart

By elk grut evenemint yn Nederlân galmet it nûmer fan André Hazes junior mei de titel Leef. ‘Leef alsof het de laatste dag is…’ It liket derop dat it ferske in wichtich boadskip meijout. Dat jo genietsje moatte of dat jo sa yn it libben stean moatte dat jo fan neat spyt hawwe of krije. It is werklik oeral te hearren. Minsken wurde der hiel bliid fan en sjonge út folle boarst mei. It komt troch de melody en in heech meisjongkarakter. Ga ga ga a a…

Libje oft it de lêste dei is. It liket derop dat alles moat en kin tsjintwurdich. Ommers, it kin elke dei de lêste wêze. Der binne minsken dy’t it harren ‘bucket list’ neame. Parasjutespringe, in berch beklimme of yn in hurdrydauto, snuve, smoke, sûpe, dûnsje en festivals. Alles út it libben helje wat derút te heljen is. De fraach is dan wol, wat it maksimale fan it libben is. Fan wa moat it? Is dat foar elkenien gelyk of moatte jo dat mear foar josels betinke?

It lêste leit it meast foar de hân, ommers jo meitsje foar it grutste part jo eigen libben en sa ek jo eigen doelen wat jo út it libben helje wolle. Us oerlibbings-dna, dat ek wol ynstinkt neamd wurdt, wol gewoan oerlibje yn de ienfâldichste foarm. Neat gjin gekkichheden dy’t allinnich mar enerzjy kostje en sels gefaarlik wêze kinne. It binne foaral ús harsens dy’t gefoelich binne foar de bûtenwrâld dy’t seit dat jo mar libje moatte en foaral alles der úthelje moatte, omdat it libben mar ien kear komt. De iene is wat mear gefoelich foar dat soarte fan druk as de oare. Druk om te libjen, as wie it de leste dei.

Bewustwurding fan it libben sels is miskien wol it wichtichste. Libje of just baas wêze oer eigen libben en dermei te stopjen as jo wolle. It is in persoanlike noat foar elkenien oars. It ferske fan André Hazes op de doarpsfeesten soe derom bêst wol brûkt wurden kinne foar in goed petear mei-inoar yn respekt. Wat is foar jo it libben? Moat alles derút helle wurde of is it goed sa’t it is?

Libje!

july 27, 2019 20:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.