Jan Schokker: Nij nêst 2

july 20, 2019 20:00

Kollum

Gewoan dwaan is normaal
gewoan wêze in foarrjocht
gewoan bliuwe in keunst
en dan
gewoan stjerre.

De measte minsken binne sa gewoan, tink ik. Hoopje ik. Dochs binne der te folle dy’t deromhinne fleane as in mich om de lampe en libje as in drone. Ambysje is neat mis mei, stadich sweve foar in skerpe helikopterview is in kwaliteit, mar tsjin iterstiid moatst beide fuotten fansels wol wer op ’e grûn hawwe.

Wy binne smoardrok om ús nij ûnderkommen yn Nijhoarne om te foarmjen nei hjoeddeiske noarmen, kleuren en materialen en tsja, ek mei in lyts bytsje lúkse. ‘Moatst sels ek gewoan bliuwe’, hear ik no tinken. Dêr sit wat yn, mar dat aspekt krige fan ’e wike genôch omtinken. Wis soenen wy bêst wol wat soberder libje kinne, foaral as ik dat fergelykje mei myn âlden. Eartiids foar ús heit gjin nijmoadrichheid, nea gjin nije klean – want wat hy hie wie noch lang net útsjoud –, fiere fakânsjes wiene fierstente gek en in nij puzelboekje in healwize útspatting. Us mem wie oars ek gau tefreden, mar doe’t se om ende by de sechstich wie woe sy eins dochs wol graach in nije keuken.

“Eh, wat?” sei ús heit, “wy binne al sa âld, ju. Wat sille wy yn ’e goedichheid nó noch mei in nije keuken?” Heit is njoggenennjoggentich wurden en mem seisennjoggentich en heit hat oan ’e ein ta yn syn hûs wenne. Spitich, se hiene der noch hast fjirtich jier wille fan hawwe kinnen. Ik wol dus net as ús heit wêze. Nee nee, wy krije in knaap fan in keuken mei in eilân sa grut as Rottumerpleat en mei safolle apparaten dat sels ik der aanst wat bestekliks oan meitsje moatte kin.

Dizze wike hie ik de tegelsetter oer de flier: Richard, in zzp’er út de Harkema. Faklju binne dreech te besetten, lykwols hy koe foar ús de badkeamer der wol efkes tuskentroch dwaan. Wy bliid, want dat wie in dreech putsje, de tegels dy’t de frou útsocht hie, wiene omtrint twa by twa meter. Wy hawwe mar fiif tegels krigen, mar krij dy kringen mar ris knap teplak.

It praat mei de kofje en ûnder it iten gie geregeldwei oer it wurdearjen tsjintwurdich fan fakminsken as tegelsetters. Dat waard al wat better, fûn Richard, ek al seagen in soad minsken noch op hurd wurkjende Harkiten del. Mar dizze tûke knaap stie dêr boppe. Yn de Harkema moast ‘dû’ gewoanwei gewoan dwaan en foaral net boppe it gersfjild útkomme wolle, want dan tikje se dy op ’e kop. In bekende hurdfytser kaam eartiids wolris yn it kafee fan syn âlden en sy pleagen him mei: “Komt hy wer om in broadsje epo, jonge?” En as hy al swetste oer syn toursege: “Och, moatst him ris hearre: hy hat in lyts berchritsje yn Frankryk wûn. Jou mar in rûntsje.”

Richard hie de mânske tegels samar teplak, en kreas! Nei in pear dagen wie ik al wer ûnwennich fan him en ús petearen. Wiene alle minsken mar as de Harkiten, en al sille alle Harkiten net sa as Richard wêze, wy kinne wol fan harren leare.

Ik leau, heit, dat wy it bestelde keuken-eilân mar ôfberjochtsje. De âlde Bruynzeel kin bêst noch wol fjirtich jier mei.

july 20, 2019 20:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.