It wurdt “hels hyt” yn Fryslân

july 25, 2019 15:15

It wurdt “hels hyt” yn Fryslân. Dat seit waarhistoarikus Klaas Ybema tsjin Omrop Fryslân. “Rekords binne fan alle tiden,” seit er, “mar sjochst de ôfrûne jierren wol dat benammen waarmterekords hiel maklik sneuvelje.” Neffens him is it no by deselde omstannichheden al twa graden waarmer as earder. Yn it suden en easten fan Nederlân kin it simmerdeis fjirtich graden wurde. Yn Fryslân sil 38 graden mooglik wurde. “Kâld waar wurdt seldsum”, seit Ybema.

Klik hjir om it fraachpetear mei Ybema te besjen.

july 25, 2019 15:15
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. J. de Haan july 25, 19:00

    Is it no wier nedich dat alle media ús fertelle dat it waarm is? As wie der gjin oar nijs. Dat geseur oer de temperatuer is net sa Frysk. Gewoan stadichoan trochbodzje en de kop derfoar hâlde!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.