It Fryske Gea kriget € 1,5 miljoen foar projekten Waadkust

july 5, 2019 10:21

It Fryske Gea hat € 1,5 miljoen út it Waadfûns tasein krige foar projekten dy’t diel útmeitsje fan it gruttere Waadkustprojekt “Wij en Wadvogels”, dêr’t Fûgelbeskerming de lieding oer hat. Earder hie it ministearje fan LNV al in fearn tasein fan it bedrach dat dêrfoar nedich is. Mei de tasizzing fan it Waadfûns is de begrutting rûn.

“Wij en Wadvogels” is in unyk projekt dat ûntwikkele wurdt troch Vogelbescherming Nederland en ûnderskate oare organisaasjes lykas It Fryske Gea. It doel is it ophelpen fan fûgelpopulaasjes en de natuer fan it Waad. It giet net inkeld om de needsaaklike kwaliteitsferbettering fan it Waad foar briedende, rêstende en foerazjearjende fûgels, mar ek om it útwreidzjen en ferbetterjen fan mooglikheden foar natuer- en fûgelrekreaasje. Dat bart mei it ynskeakeljen fan de wittenskip

Foar Fryslân binne projekten foarsjoen by Paesens-Moddergat, Ferwert, Blije Bûtendyks en De Westhoeke. Takomme jier wurde de projekten útwurke yn ’e mande mei omwenners en organisaasjes dy’t dêr belang by hawwe.

july 5, 2019 10:21
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.