In oade oan Remco Campert

july 16, 2019 09:07

Skriuwer en dichter Remco Campert fiert op 28 july syn njoggentichste jierdei. Yn ’e hjerst fan 2018 waard yn teater de Kleine Komedie yn Amsterdam de biografy oer Campert, skreaun troch Mirjam Hengel, oan him útrikt. Op dy feestlike jûn brochten ferskate muzikale en literêre freonen in oade oan de master.

Remco Campert (foto: NTR)

Yn it programma Een ode aan Remco Campert is in samling hichtepunten fan dy jûn te sjen. Muzikale optredens fan Benjamin Herman, Giovanca en Frans van Deursen en literêre oades fan Ramsey Nasr, Kees van Kooten en Jan Mulder. Yn fraachpetearen efter it toaniel fertelle sy oer harren spesjale bân mei Campert. As útsmiter sil Campert sels ek noch it toaniel beklimme, om syn gedicht ‘Lamento’ mei it Benjamin Herman Kwartet foar te dragen.

Regisseur en produsint foar de NTR: Doesjka van Hoogdalem.

Utstjoering: snein 21 july, 22.40 oere op NPO 2, werhelling op snein 28 july (syn jierdei), 19.15 oere op NPO 2.

july 16, 2019 09:07
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.