Ik ha altiten sels de kont rêden

july 20, 2019 07:17

It libbensferhaal fan Imke Foppes

Imke Foppes oan de Skoatterlânskedyk wie yn it petear in gleonhastich man. Hy seach kâns om yn it tiidbestek fan in oere syn hiele libben te sketsen mei in sekuere fermelding fan jiertallen en oereleanen. “Ik ha nea fan de genede fretten”, sei er. Want yn de tweintiger en tritiger jierren moast men jin der goed byjaan om jin steande te hâlden. Hjir folget syn libbensferhaal.

“Op myn trettjinde wie ik al oan it ierappelskoffeljen en op myn fjirtjinde stie ik oer de Tsjonger yn ’e baggelbak. Us heit en ik traapje en myn broer Simen spitte. Ik fiel it noch yn de bealich. Wy moasten moarns earst oardeloere rinne, want wy wennen yn Nijhoarne. Simmerdeis gie ik my ús heit te meanen. Us heit koe goed harje en wy meanden deis in goed heal bunder. Turf yn it skip bringe ha ’k ek in soad dien: 28 kuorfol op de karre, tsien oeren deis. En dan hie ’k in gûne fertsjinne. De skippen leine yn de Tsjonger en de skipper stie altiten klear mei in kivytske, dan krigen we in lyts slokje. Myn heechste oerelean hat tritich sinten west, myn leechste in dûbeltsje.

Ik koe it wurk wol dwaan, mar ik krige de aardichheid derôf. Ik woe wat leare en dan masinist wurde. It stoomgemaal yn Teridsert, dêr hie ik wol nocht oan, mar dêr koe ’k net komme. Doe bin ik op it bûterfabryk op de Bontebok oannommen as learling. Ik wie doe njoggentjin. De earste trettjin wiken krige ik gjin lean, want ik wie learling, is ’t net sa. Ik sei tsjin de direkteur: “Ik woe dochs wol graach wat ha.” Hy sei: “Ik sil der mei it bestjoer oer prate.” De oare wyks sei er: “Ja, ik ha it opret.” Ik krige acht gûne wyks.

Wy stookten lange turf en ik mocht it wurk graach dwaan. Tuskentiden wie ik ek noch op de tsiissouder en dêr hie ’k in kwartsje yn de oere fan, dat ik hie doe alve gûne wyks. Ik wie de kening te ryk. It wiene wol lange dagen, somtiden fan fjouwer oere moarns oant de jûns njoggen oere ta. Yn dy tiid ha ik it diploma foar masinist helle.

Yn 1923 waard ik masinist yn Elsloo, mar dat wie in lijen. Ik koe min mei de direkteur. Elkenien hie spul mei dy man. Ik ha der in jier west, doe ha ik him de skeppe foar de poaten smiten en bin fuortgien. Ik wie dêr by in molkrider yn ’e kost. Dy man ried tegearre mei syn soan en fan dy molkrit hiene se simmerdeis njoggen gûne en winterdeis sân. Ik hie op it fabryk tweintich gûne wyks en ik joech by dy minsken acht gûne kostjild. Doe’t ik fuortgong skriemde dat minske. “Ik kin jo net misse”, sei se.

Doe nei de Bontebok. Dêr koe ’k wol wer komme, mar ik woe graach wat mear fertsjinje. En dat koe dêr net. Dat slagge wol by Woltman op ’e Fok op it Fean. Dêr waard ik masinist yn ’e oaljeslaggerij. Sân jier ha ’k dêr mei fernoegen west. In moaie masinekeamer mei in 365 pk lykstreammasine. Mar it fabryk koe net bestean. Der wiene op it lêst mear direkteuren as personiel. Yn 1930 stie ’k oan ’e dyk, rêd dyn kont mar wer. En it wie krisis. Ik wie noch net troud, want ik woe earst in pear sinten ha.

Ik ha doe efkes skilder west. De boeren woene my wol ha, want se mienden dat ik der mear op smarde as oare fervers. Mar dat wie sa net. Oan ’e ein fan it jier krige ik dochs wer wurk. Dat wie yn Nijkerk by Tijseling, in meubelfabryk. Se hiene dêr in lokomobyl (stoommasine) en ik stookte mei rommel en lange turf. Dat wie goai yn en helje mear. Drok drok, gjin tiid om te pisjen. En altiten hjit, o sa hjit. Yn 1931 binne wy troud, ik hie doe 2200 gûne sparre en myn frou 400. Wy binne op in saterdei troud, want dan koste it neat. Yn 1936 krige ik tromboaze. Dat kaam fan de hjittichheid en it treprinnen, want wy hiene der in foarfjoer by en jo moasten dus de treppen op. Ik mocht dat wurk net mear dwaan, dat wy rekken nei Nijhoarne. Ik hie tolve gûne ynvaliditeitsrinte en twa mannen kamen mei de auto út Grins wei om te kontrolearjen oft ik ek noch wat byfertsjinne. Dat wie fansels wol sa, mar ik wie tafallich thús doe’t dy mannen kamen.

Imke Foppes mei syn eigenmakke reau (foto LC)

Yn Aldhoarne ha ik doe in winkeltsje sette litten. De fyftjin are grûn koste fiifhûndert gûne en it winkeltsje mei it hûs fjirtjinhûndert. Mar it like my dochs net goed ta, dat ik ha de winkel earst ferhierd oan in omke, dy’t der in slachterij yn ha soe. Mar doe’t dat neat waard is Mulder as grienteman der ynkommen foar trije gûne wyks. Wy wennen doe by skoanheit yn Hoarnstersweach. Dy hie in spultsje fan trijenheale bunder en fiif kij. Dêr koene wy fansels mei-inoar net fan libje. Ik koe wer by Tijseling komme. De skonken yn de wynsels tsjin de hjitte, mar yn 1939 koe it net mear.

Yn 1941 kocht ik ûnder Aldeholtpea in spultsje mei goed twa bunder lân. It moast 4367 gûne kostje. De earste beide kij kosten 267 en 250 gûne. Wy kochten ek noch in pear geiten. Ik koe wol mei de pispot te melken. Melke koe ik net, mar myn frou wol en ik ha it doe noch leard fan har. Doe’t ik dat spultsje kocht, hie ik net sjoen dat der ek noch in stripe fean by siet. Dat ha ik yn de oarloch baggerje litten. Yn it earste jier kamen der 96.000 turven út. Ik ha der doe ek noch wat lân by kocht. Yn 1946 ha ik in spultsje op De Hoeve kocht. Dêr wie goed sân bunder by. Dêr hawwe wy oant 1962 op sitten en doe wie ik 63 en binne wy opholden en nei in húske op de Ketliker heide ferfearn. De frou is yn 1972 ferstoarn en it allinne wêzen foel net ta. Mar ik ha myn hiem, in pear skiep en in pony foar myn eigenmakke reau. Sa bring ik no myn dagen troch.”

Oant safier it libbensferhaal fan Imke Foppes sa’t it yn de rubryk Fries Mozaiek fan de Ljouwerter Krante stie.

Imke is ferstoarn yn 1982.

Troch Jangerben

july 20, 2019 07:17
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.