‘Ierdemearferbrûkdei’ falt earder yn it jier as ea

july 29, 2019 10:13

Hjoed is it, earder yn it jier as ea, Ierdemearferbrûkdei (Earth Overshoot Day). Dy dei wurdt troch ûndersyksorganisaasje Global Footprint Network definiearre as it stuit yn it jier dat minsken wrâldwiid al mear iten en natuerlike helpboarnen ferbrûkt hawwe as de ierde yn tolve moanne fuortbringe kin.

Foto: NASA

Fan hjoed ôf tarre we de rest fan it jier op de reserves fan de planeet, seit it Global Footprint Network. Dêrtroch ferbrûke we dit jier 1,75 ierde. It omslachpunt falt alle jierren earder. Ferline jier bygelyks op 1 augustus. It laat ta minder bioferskaat en mear ûntbosking, boaiemeroazje en CO2 yn de atmosfear. Op in stuit hâldt dat op. It is ûndúdlik hoe fier’t we gean kinne mei it fergrutsjen fan ús ekologyske fuotprint.

Nederlanners ferbrûke 2,9 ierdes
Yn Nederlân skoare we min. As elkenien op ierde lykas in Nederlanner libje soe, soene we neffens it Global Footprint Network 2,9 ierdes jiers ferbrûke. Wy ferbrûke in protte enerzjy en hawwe allegear in auto, laptop, kuolkast en telefoan en dat telt allegear op. Mar sûnt 2008 buorkje Nederlanners wol foarút. Doe stie ús jierliks ferbrûk noch gelyk oan 4,11 ierdes. Miljeudefinsje neamt dy ûntwikkeling posityf, mar fynt it net rap genôch gean. Posityf is dat we effisjinter wurde mei ús enerzjy en minder fleis ite, mar dat binne lytse stapkes. Neffens Miljeudefinsje moatte we ús ekonomy feroarje.

july 29, 2019 10:13
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.