Huzen mei in ferhaal. Eksposysje yn Blauhús

july 7, 2019 10:57

Yn de Gerben Rypma Keamer fan kafee De Freonskip yn Blauhús is fan july oant oktober in útstalling ynrjochte fan tolve unike ferhalen út de buert fan Blauhús. 

C. Senserhûs

It âldershûs fan Sibbele Hylkema is dêr ien fan. Sibbele gie yn it begjin fan de sechstiger jierren as Fransiskaan nei de missy yn Nederlânsk Nij-Guinea. In oar ferhaal is hoe’t it Senserhûs oan de Himdyk by in publike ferkeaping yn 1837 yn hannen kaam fan in rike roomske boer. Der wurdt ek ferhelle wêrom’t in boerepleats nei de wettersneedramp fan 1825 de namme Meervliet krige.

By guon ferhalen is in boek útbrocht. Dy lizze op de lêstafel of se binne te keap. Foar nije ferhalen is der in skriuwtafel en in brievebus.

Neffens de Gerben Rypma Stichting, dy’t de útstalling organisearret, hat elk hûs ferhalen; ferhalen oer spannende, fertrietlike, ymposante, moaie of soms saaie barrens. Alle huzen hawwe in ferhaal dat de muoite fan it fertellen wurdich is.

De útstalling duorret fan 6 july oant en mei 13 oktober 2019 en is iepen fan tiisdei oant en mei sneon fan tolven oant achten en sneins fan twaen oant achten. Klik op Eksposysje Gerben Rypma Stichting foar mear ynformaasje.
De tagong is fergees.

july 7, 2019 10:57
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.