Grut dûnsfeest Snits giet net troch

july 15, 2019 06:47

Alle opskuor dy’t yn Snits ûntstie om de plannen foar in grut dûnsfeest (njoggen jûnen lang) hat derta laat dat Garden of Dance net trochgiet. Yn de Stedhústún koe it dit jier net fanwegen de ferbouwing fan de gemeentekantoaren. Om it eardere feemerkterrein hinne makken de omwenners beswier en dat wie ek it gefal doe’t it saneamde Bristolterrein oan de Prins Hendrikkade  as alternatyf yn byld kaam. Tachtich sjenswizen fan omwenners krige de gemeente Súdwest-Fryslân te ferwurkjen.

De gemeente, dy’t rekken hâlde moast mei de belangen fan de omwenners en fan de ûndernimmer fan it feest, moast de betingsten dy’t oan in eventuele fergunning ferbûn wêze soene, dan ek tige oanskerpje. Dêr koe de ûndernimmer net mei yn see gean. Boargemaster Jannewietske de Vries hat dêrop freedtemiddei besletten om gjin fergunning te jaan, wat foar de ûndernimmer reden wie om fan it feest ôf te sjen.

De boargemaster hat der begryp foar dat jongerein en de ûndernimmer teloarsteld binne. Tagelyk is it in opluchting foar oaren, benammen de omwenners. Se ropt elkenien op om der mei-inoar dochs in moaie Snitswike fan te meitsjen. Se tinkt dat de wike noch genôch eleminten oerhâldt om dat wier te meitsjen.

july 15, 2019 06:47
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.