‘Grien’ Havenkantoar oanwinst foar poarte Alde Feanen

july 2, 2019 13:37

Friso Douwstra knipt it lint troch en kriget help fan Rudmer Leenstra. foto © F. Douwstra)

Under grutte belangstelling is op 29 juny it nije havenkantoar fan Jachthaven yn Warten iepene. De jachthaven is no klimaatneutraal. “Warten hat der in geweldich gebou by”, sei jachthavenfoarsitter Piet van der Velde. Rudmer Leenstra, dy’t nei tritich jier út it stichtingsbestjoer stapt, iepene mei wethâlder Friso Douwstra de it kantoar offisjeel.

De jachthaven is no klimaatneutraal; it toiletblok, dat noch troch gas verwaarme wurdt sil letter noch oanpakt wurde. In waarmtepomp leveret de enerzjy foar flierferwaarming. Earder binne der al 560 sinnepanielen oanrocht. Dy leverje griene stroom oan de brûkers fan de goed 600 lisplakken.

De nijbou is yn in heljier klearkommen en betelletroch de Stichting Jachthaven, dy’t alle opbringsten yn de haven investearret. It havenkantoar doch de wettersport yn Wearten goed, neffens Van der Velde. It ûntwerp fan J.O.N.G. Architecten út De Lemmer is foar it grutste part op de fundearring fan it âlde havengebou set.

De jachthaven leit tichteby nasjonaal park De Alde Feanen. Wol sa’n 15.000 fytsers yn it jier nimme de sinnepont De Oerhaal oan in besite oan it park te bringen.

july 2, 2019 13:37
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.