Gretchen Grosser is ferstoarn

july 28, 2019 13:56

Gretchen Grosser

Gretchen Grosser is ferstoarn. Hja wie ien fan de grutste foarfjochters fan it Frysk yn it Sealterlân, de Frysktalige feankoloanje tusken Leer en Kloppenburch.

Gretchen Grosser, dy’t ek de nammen Margaretha Grosser en Gräitjen Grosser brûkte, hat har hiele libben yn it doarp Roomelse wenne. Hja hat jierrenlang Sealterfryske bydragen skreaun foar it regionale deiblêd Nordwest-Zeitung. Se hat in grut tal boeken yn it Sealterfrysk oerset, wêrûnder klassike berneboeken lykas Die litje prins en samlingen fan bekende ferskes. Sels hat se ek boeken skreaun, lykas it berneboek Sienke Koodiegel fertäld. De Nordwest-Zeitung joech har begjin dit jier foar har folslein wurk de titel ‘Frou fan it jier 2018’.

De skriuwster wie al in skoft siik. Hja is sneontejûn 20 july yn ‘e âldens fan 84 jier ferstoarn. Hja is fan de neiste sibben te hôf brocht.

july 28, 2019 13:56
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.