Gemeente leart fan proses ‘Dreesleantsje’

july 13, 2019 09:05

It proses fan de ynrjochting fan it gemeentepark om it nije gemeentehûs rûn net soepel. De gemeente woe dêrfan leare en liet in ûnôfhinklik buro it proses mei de wurkgroep evaluearje. Woansdei waarden de útkomsten oan de wurkgroep presintearre. Foarnaamste learpunten binne it yn ’t foar meitsjen fan in goede ympektanalyze en it meitsjen en kontrolearjen fan de ôfspraken yn it proses.

Foto: Wikimedia Commons/Ieneach fan ’e Esk – lisinsje CC BY-SA 4.0

Yn de riedsgearkomste fan 14 maart waard it plan fan de wurkgroep behannele. Wethâlder Jan Dijkstra stelde foar om dit partisipaasjeproses te evaluearjen, sadat de gemeente derfan leare kin. Buro Publiec, spesjalisearre yn partisipaasjetrajekten, waard ynhierd foar de evaluaasje. Dielnimmers oan it proses waarden ynterviewd of koenen fia e-mail of telefoan harren ynbring leverje. Publiec formulearre tsien learpunten foar de gemeente. Ien dêrfan is it meitsjen fan in ympektanalyze. Dêryn wurdt ûndersocht hokker effekt in projekt op de ûnderskate doelgroepen hawwe kin. Oan de hân dêrfan is sekuer te bepalen hoe’t de doelgroepen derby belutsen wurde moatte. Fierder is it wichtich om geande it trajekt hieltyd wer nei eltsenien syn rol te sjen en hieltyd dúdlike ôfspraken te meitsjen en trochgeand te kontrolearjen.

By de behanneling yn de gemeenteried frege de ried om de wurkgroep ek te belûken by de útfiering. Der wurdt no wurke oan it útfieringsplan foar de ynrjochting fan it gemeentepark. As de plannen yn konsept klear binne, kontrolearret de wurkgroep (of in fertsjintwurdiging dêrfan) oft se foldogge oan de útgongspunten fan harren plan. De bedoeling is dat de útfiering ein dit jier úteinset. Wethâlder Jan Dijkstra: “Ik haw it gefoel dat de evaluaasje bydroegen hat oan it weromwinnen fan fertrouwen by ús ynwenners.”

Lês ek it evaluaasjerapport en it ferheljende evaluaasjerapport.

july 13, 2019 09:05
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.