Fryske foardrachtswedstriid foar net-Fryske dichters

july 31, 2019 06:46 Fernijd

Foar it sechtichjierrich bestean fan stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum organiseaje Tresoar en Poetry Slam 058 in bysûndere foardrachtswedstriid. Trije dichters dy’t oars net yn it Frysk dichtsje krije de kâns om as ûnderdiel op de feestmiddei op 14 septimber in eigen Frysk gedicht foar te dragen.

Dy trije dichters krije by it dichtsjen en foardragen stipe fan in Fryske dichter. De gedichten wurde op 14 septimber yn it Frysk foardroegen.

Der is in fergoeding beskikber en it winnende duo mei syn gedicht foardrage yn OBE: it poadium foar literatuer, keunst en taal yn Ljouwert.

Wa’t belangstelling hat, kin maile nei celinewierda@gmail.com. Oanmeldingen moatte uterlik 23 augustus binne wêze.

Boarne: Sirkwy

july 31, 2019 06:46 Fernijd
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. - july 31, 09:00

    Fanâlds hjit dat ‘foardrachtskriich’, net ‘wedstriid’.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.