Frysk lânskip feroaret bliuwend troch de waarmte

july 24, 2019 07:16

Foto: pixabay.com

It Fryske lânskip kin bliuwend feroare wêze troch de waarmte fan dizze simmer en dy fan ferline jier. Dat seit boskwachter Henk-Jan van der Veen tsjin Omrop Fryslân. Neffens Van der Veen is no al te fernimmen dat de natoer him net ferhelle hat fan it waar fan foarige simmer

De droechte dy’t ferline jier ûntstien is, is dêrnei net genôch oanfolle. De winter en de maityd wiene net wiet genôch om it wetter oan te foljen, sa leit Van der Veen út. Hy seit dat dat yn Gaasterlân al te fernimmen is. Omdat it dêr heuvelachtich is en it grûnwetter dus fierder fuort is, binne puollen ferdwûn. Dat wol sizze dat der struktureel wat net yn ‘e es is. Foar allegear planten en bisten is dat in bedriging. Beammen litte de blêden falle om harsels tsjin ‘e waarmte en droechte te beskermjen. Neffens de boskwachter begjint de situaasje soarchlik te wurden.

De beammen hâlde it neffens Van der Veen wol efkes út, mar net ivich. As der noch in pear droege simmers komme, sille se deagean. Foar in part sil de natoer feroarje trochdat planten en bisten út súdliker streken nei it noarden ta komme. De boskwachter wiist derop dat de klimaatgrins yn tsien jier trijehûndert kilometer nei it noarden ta opskood is. It klimaat dat tsien jier lyn yn Parys normaal wie, is dat no yn Súd-Nederlân. Der binne lykwols planten en bisten dy’t sa fluch net meikomme kinne. Dy sille útstjerre. It lânskip wurdt dêrtroch ientoaniger, mei folle minder ferskate soarten.

De boskwachter wiist derop dat der wol in oplossing is, nammentlik mear wetter opslaan. Dat sil wol betsjutte dat it grûnwetterpeil heger komt te stean yn kâldere perioaden.

It petear mei boskwachter Van der Veen is hjir nei te lêzen.

july 24, 2019 07:16
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Marten Kroondijk july 24, 22:30

    Van der Veen seit dat it de ôfrûne winter en maitiid te droech west hat. Yn de earste helte fan Maart is der in protte reinwetter fallen. It Wetterskip sette de sluzen daliks iepen. It wetter moast sa gau mooglik wer fuort. It stuitet my tsjin de boarst as ik dan yn de krante lês dat it Wetterskip dat efternei ek noch terjochte fûn dat se dat dien hawwe.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.