Frysk damjen foar jeugd yn Italië

july 8, 2019 08:44

Snein binne yn it Italiaanske Aosta wedstriden holden tusken dammers út Fryslân en dammers út Italië yn twa spulsoarten, it Italiaansk damjen en de einspulfariant fan it Frysk damjen, FRYSK!.

Foto: Paolo Faleo

Tsien Fryske skoalbern fan it basis- en fuortset ûnderwiis hawwe yn totaal trije toernoaien spile. Yn it earste toernoai FRYSK!, in toernoai fan tweintich basisskoallelearlingen út beide lannen, wie it oant de lêste omgong spannend wa’t de top fan it klassemint helje soe. Uteinlik bliek de Italiaanske Lorenzo Schifino elkenien de baas. Aniek Koopmans fan Wytmarsum einige mei acht punten op in fertsjinstlik twadde plak en beide spilers moasten yn in dêropfolgjende wedstriid noch útmeitsje wa’t de úteinlike toernoaiwinner wurde soe. Nei in lange partij wûn Lorenzo it fan Aniek en waard it earste ûnderdiel dêrmei knap wûn troch de Italianen.

Yn it twadde toernoai tusken deselde spilers moast der Italiaansk damme wurde. Dêryn wiene de Italianen hear en master. Dochs ferraste ien Fryske dielnimmers, Jurre Spyksma fan Boalsert, troch sels noch boppe in oantal Italiaanske dammers út te kommen. De finale yn dy spulsoart tusken Andrea Peirano en Jurre Spyksma waard glânsryk yn it foardiel fan de Italianen besljochte.

Yn it lêste toernoai waard wer FRYSK! spile troch yn totaal tweintich spilers. Under de Fryske spilers in pear sterke jeugdspilers út De Gaastmar, dêr’t fan tocht waard dat dy heech einigje soene. Mar de Italianen kamen ek mei de sterkste Italiaanske spilers op it toernoai, dêr’t úteinlik Davide Zhou (ek dielnimmer fan it wrâldkampioenskip Frysk damjen 2019) de winner wurde soe. Ien fan Fryslâns sterkste jeugdspilers, Herre Klaas IJkema fan De Gaastmar, moast mar leafst trije Italianen foargean litte yn de toernoai-útslach.

Utslaggen:

Foto: Paolo Faleo

FRYSK! – Basisskoalle
1. Lorenzo Schifino, 2. Aniek Koopmans (Wytmarsum), 3. Andreas Peirano, 4. Schakira Fachiri, 5. Adelina Bulat, 6. Amir Laabid, 7. Jack Koopmans (Boalsert), 8. Marco Gemma, 9. Elodie Rosset, 10. Daniela Lungu, 11. Teije Stor (Boalsert), 12. Elena Mammoliti, 13. Jurre Spyksma (Boalsert), 14. Jitze Spyksma (Frjentsjer), 15. Giogio Fazari, 16. Janke Delea (Wommels), 17. Didier Laurent, 18. Thierry Burland, 19. Rita Zappia, 20. Giulia Fusarel.

Italiaansk damjen – Basisskoalle
1. Andrea Peirano, 2. Daniella Lungo, 3. Lorenzo Schifino, 13. Jurre Spyksma, 15. Janke Delea, 16. Teije Stor, 18. Aniek Koopmans, 19. Jack Koopmans, 20. Jitze Klaas-Albert Spyksma.

FRYSK! – Fuortset ûnderwiis
1. Davide Zhou, 2. Davide Gemma, 3. Fransesco Zappia, 4. Klaas Herre IJkema (De Gaastmar), 13. Feike Jouke Wiegersma (De Gaastmar), 14. Rauke Johannes de Hoop (De Gaastmar) 15. Wiebren Hindrik IJkema (De Gaastmar).

july 8, 2019 08:44
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.