Friezen kieze ‘Grutsk op ús Greidefûgels’ as populêrste Fryske Telefyzjereklame 2018

july 10, 2019 10:14

De winner fan de Fryske Telefyzjereklame Publykspriis fan 2018 is ‘Grutsk op ús Greidefûgels’ wurden fan gearwurkjende organisaasjes op it mêd fan natuerbehear.

Foto: FRP

Mei noch twa oare nominearre kandidaten: Aquacell mei reklamespot ‘Wy hâlde fan netsjes’ en de Fytsesaak fan Joop Zandberg fan Groukrige it spotsje ‘Grutsk op ús Greidefûgels’ trijekwart fan alle publyksstimmen.

Friezen koene de ôfrûne moanne stimme op it bêste spotsje fan 2018. Under de stimmers sil noch in iPad ferlotte wurde.

De kommisje Fryske Reklamepriis oer it spotsje: “In nijsgjirrige reklame om boeren en meiwurkers fan leanbedriuwen op te roppen omtinken te jaan oan briedende fûgels en oan pykjes by it meanen fan it lân. Want as de reklame begjint, freget men jin ôf foar wa’t dy bedoeld is. Men sjocht earst in grutte trekker mei driigjende muzyk derûnder. Mar as we de fûgels en pykjes sjogge en de freonlikere muzyk hearre, wurdt it al gau dúdlik. De doelgroep fan dizze reklame spilet in wichtige rol by it beskermjen fan de natuer yn it boerelân. En hja hoege it net allinnich te dwaan. De fûgelwacht docht graach mei yn it fjild.”

De Fryske Reklamepriis is yn it libben set om it brûken fan de Fryske taal of in Fryske streektaal yn reklame-uteringen te stimulearjen. De FRP is in inisjatyf fan de Ried fan de Fryske Beweging. Op 14 maart 1995 waard de earste FRP útrikt en dy wie doe noch allinnich noch foar radioreklame. Yn 1999 is de earste telefyzereklamepriis útrikt.

july 10, 2019 10:14
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.