Frâns Kuipers: Tsja…

july 13, 2019 20:00

Kollum

Hjoed-de-dei wurde der troch jong en âld aloan faker alderhande spultsjes spile op de I-pad en de I-phone. Op de laptop of de gewoane PC ek wol, mar dat soarte apparaten nimt men net samar mei yn de trein of op ’e fyts. Strafber no, sa’t jimme witte. € 95,00 boete. Oeral wêr’t groepkes bern, jongelju of âlderen en âlden byinoar binne, is de I-phone ûnder hânberik en/of leit de I-pad op tafel. Yn restauranten, kafees ensafuorthinne lizze dy digitale kommunikaasjehelpmiddels ek njonken messen en foarken op tafel. Maklik, as men in bytsje útpraat is.

Skoaljeugd

Myn pakesizzer Appie – syn namme is oars – is tolve jier. Hy is al sa handich mei de I-pad en foaral mei de I-phone en foar it omgean mei de laptop draait er syn hân ek net om. Pake is grutsk. Alline is er, neffens my, wol wat al te faak oan it ‘gamen’. Der wurdt troch medisy al warskôge foar kromme rêgen om’t se omgeande mei de I-phone meastal mei de holle nei ûnderen op it skermke sjogge.

Op it ynternet kinne se de frjemdste en ek alderhande oarlochssuchtige digitale spultsjes fine en dan giet it soms mâl. Se kinne op de I-phone – as spultsje – soms kieze út de wreedste metoaden om massaal digitale minsken (tekeningen/popkes of bisten) te deadzjen. Dat liket my net goed foar de geastlike ûntwikkeling, mar soks skynt mei te fallen, haw ik my fertelle litten. It binne mar spultsjes. Neat om oer yn te sitten.

Ferfele

Appie seit wolris: “Wat bin ik bliid dat ik no jong bin en net yn Pake syn tiid libje. Ferfeelde pake him as jonkje net?” Doe fertelde ik Appie oer ús manier fan ‘gamen’, doe’t ik tolve jier wie. “Wat diene jimme dan?” frege er. “Ik sil in pear foarbylden opneame”, andere ik. Ik neamde in grut tal aktiviteiten: nei skoaltiid en jûns nei iten, boarten wy hast altyd bûten. As it min waar wie ek. Wy giene de lannen yn, aaien sykje, yn beammen klimme, hutten bouwe of strjitfuortbal, topsette, pylk en bôge sjitte, sleatsje springe, polsstôk springe of fierljeppe, draakje fleane en yn ’e winter slydzje en reedride. “Genôch te dwaan dus”, sei ik. Hy helle glimkjend syn skouders op. “Soks fyn ik net spannend. Neat oan!”

Ik die der in skepke boppe-op. “O ja, mar wy hellen ek faak kattekwea út hear!” “Kattekwea?” “Wat is dat?” Ik fertelde him in pear ferhaaltsjes: “Pake wie as jonkje in dogeneat. Ik moast foar straf withoefaak yn ’e hoeke stean of it skoalboerd skjinmeitsje. Sa kloppe ik nei it skjinmeitsjen fan it skoalboerd de boarstel út op de grize stoelsitting fan master Dobby. Doe’t master de oare moarns yn`e klasse kaam, wie ik benijd oft er de krytpoeier op syn stoel ek seach. Hy seach it net. Hy gie, lykas altyd, deftich en strang sjend, sitten. ‘Pak jullie rekenschrift. We gaan vandaag de staartdeling oefenen.’”

Spannend?

“Moat dat spannend wêze, pake?” Ik sei: “Appie, wachtsje efkes. Dat komt noch!” “Hoe dan”?’ frege Appie. “No, as master oerein komt út de stoel, dan hat er in wite kont!” Appie moast in bytsje laitsje. “Wat barde der doe?’, frege Appie. “No, doe’t master stean gie, om de sturtdieling op it boerd oan ús út te lizzen, begûnen alle bern ynienen hiel bot te laitsjen. ‘Wat valt er te lachen?’ Wy rôpen: ‘Master hat in wite kont!’” Appie lake him slop. “Doe hie master troch dat ík him dat flikt hie. ‘Jij dekselse Frans, dit lap je mij niet weer!’ Ik krige op ’e kop. Master fertelde dat foarfal ek oan ús heit en mem. Us moeke, sa neamden wy ús mem, wie goed lilk op my. Sy sei: ‘Soks meist nea wer dwaan. Dat heart sa net!’ Us heit, dyn oerpake, moast der allinne mar wat om gniisbekje.”

“Pake wie net sa bang”, sei Appie. Doe fertelde ik him noch in ferhaaltsje oer de tiid dat ik nei de ULO gie. Ik wie in jier of fjirtjen. Ik fertelde: “Wy hiene in hele strange direkteur. VeGee hjitte dizze man. Hy wie tagelyk ek learaar Frânsk. Ek tafallich? Elkenien wie bang foar him. Ik frege in kear hoe grut oft er wie. VeGee sei: ‘Ik ben 1.78 meter lang! Waarom wil je dit weten?’ Ik sei dat wy as klasse graach de lingten fan alle masters en juffen witte woene, want wy waarden as bern ek geregeld opmetten troch in skoalledokter. VeGee fûn dat in logyske fraach.”

Doe en no

Appie sei: “Wannear wurdt dit ferhaal spannend?” Ik gie fierder: “Direkteur VeGee wenne foar de ULO oer, yn de direkteurswente. Hy hie altyd in lange swarte jas oan mei in swarte hege hoed op ’e holle. It like as moast er altyd nei in begraffenis. Oan it begjin fan it paad nei syn wenhûs stiene oan wjerskanten twa kastanjebeammen. Op in jûn, nei iten, gie ik mei twa freonen nei de ULO en wy spanden yn skimertsjuster in swart stikje naaitried op de hichte fan 1.79 tusken de beide beamstammen. It wie yn ’e hjerst. De oare moarns wiene wy, Evert en ik, al betiid by de ULO. Ik stie efter in hege hage, njonken de skoalle. VeGee koe my net sjen, ik him wol. Ik woe sjen wat der barre soe mei de hege hoed. Meneer VeGee stapte, lykas altyd, om healwei njoggenen mei krêftige stappen it hûs út en soe oer de wei nei de glêzen foardoar fan de ULO rinne. O heden: ûnferwachts fleach syn hoed yn de loft yn. Hy wie ferbjustere. Hy sette fluch syn hoed wer op rûn wer nei de foardoar. Syn hoed fleach wer de loft yn. Hy hie net yn ’e gaten dat wy nei dat toaniel stikje stiene te sjen. VeGee sei yn ’e klasse neat. Hy wie dizze kear hiel freonlik. Hy sei: ‘Een goeie grap Fransje, maar dit lap je mij niet weer.’

Appie lake him slop. Hy sei: “Dat ferhaal liket op ús games. Wy dogge soks ek mei spultsjes op de I-phone! Wy laitsje ús dan slop!” Tsja!

 

 

 

july 13, 2019 20:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.