Folop ynnovaasje yn Ljouwert

july 30, 2019 09:48

Dizze moanne waard bekend dat mear leafst trije Ljouwerter bedriuwen nominearre binne foar in plak yn de KfK Ynnovaasje Top 100 (Hydraloop Systems – Smart water savings, Effectus-HR en MG Energy Systems). Yn de gemeente Ljouwert brûst it fan ynnovative ideeën. Dat blykt út de aktiviteiten op de kampussen yn ’e stêd en yn de ferskate briedplakken. De gemeente wol (begjinnende) bedriuwen of ûndersikers aktyf stypje. It Ynnovaasjefûns fan de gemeente Ljouwert kin dêrby helpe.

De Wetterkampus yn Ljouwert (foto: Wikipedia/Gouwenaar – lisinsje CC BY-SA 4.0)

Ynnovaasjefûns
Projekten rjochte op de ûntwikkeling fan ynnovative produkten, prosessen of tsjinsten dy’t in bydrage leverje oan de Duorsume Untwikkelingsdoelen (SDG’s) fan de Feriene Naasjes en de wurkgelegenheid yn de gemeente Ljouwert komme yn ’e beneaming foar stipe. It Ynnovaasjefûns kin in subsydzje, liening of garantstelling jaan om dy ynnovaasjes fierder te bringen. De regeling rjochtet him benammen op projekten yn de sektoaren sirkulêre ekonomy, wettertechnology, duorsume enerzjy en agro-food.

Yn 2019-2020 is in budzjet beskikber fan € 250.000,-. De krekte betingsten stean op de webside fan de gemeente Ljouwert. De oanfraach foar de regeling begjint mei in persoanlik petear oer it ynnovaasjeprojekt. Undernimmers kinne dêr kontakt foar opnimme fia 14 058 of economischezaken@leeuwarden.nl.

Hja giene foar
De regeling (Grien) Ynnovaasjefûns bestiet no fiif jier. Yn dy perioade binne tsientallen projekten úteinset mei help fan de regeling. It ôfrûne jier binne sân ynnovative projekten meifinansiere. Under oare it begjinnende bedriuw Reducept, dat in VR-metoade ûntwikkele hat om groanyske pine te behanneljen. De regeling hat ek bydroegen om bedriuwen nei Ljouwert ta te lûken; sa hat it Noarske Oisann Engineering yn gearwurking mei it CEW in plak fûn op de Wetterkampus. Oisann hat út it Ynnovaasjefûns wei in liening ôfsletten om har ynnovative ûntsâltingstechnology fierder te ûntwikkeljen. It begjinnende bedriuw SusPhos fêstiget him yn Ljouwert. SusPhos is in spin-off bedriuw fan de Universiteit fan Amsterdam en it bedriuw hellet heechweardige fosfaten werom út ôffalwetter. De beskikbere fasiliteiten by WetterKampus, gearwurking mei oare wettertechnology bedriuwen yn ’e regio en de RWZI Ljouwert binne reden foar SusPhos om him yn Fryslân te fêstigjen.

july 30, 2019 09:48
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.