Foarsichtich mei yllegaal delheljen op fakânsje

july 15, 2019 16:35

Yn in protte lannen kinne fakânsjegongers har it yllegaal delheljen fan ynternettriemmen mar better út de holle sette. Oars as yn Nederlân hinget der dêr nammers in aardich priiskaartsje oan sok ûnrjochtmjittich ynheljen. It ferbod op ynheljen wurdt lykwols net oeral op deselde wize hanthavene. VPNGids.nl ynventarisearre hoe’t it der mei de regeljouwing yn populêre fakânsjelannen bystiet.

Foto: pixabay.com

Fakânsjegongers yn Dútslân, Finlân, Frankryk, België en it Feriene Keninkryk binne warskôge. Dêr wurde geregeld boeten útskreaun foar it yllegaal ynheljen fan films, muzyk en searjes.

Bûten Europa bestiet dat risiko ek. Yn de Feriene Steaten, Japan en Nij-Seelân kinne oertrêders fan it ferbod op yllegaal ynheljen ek in flinke rekken ferwachtsje. In frou yn de FS moast foar elk nûmer $ 80.000 betelje. Dat kaam har op in boete fan 1,9 miljoen dollar te stean.

Der binne ek lannen dy’t it oars oanpakke. Bygelyks troch it blokkearjen fan websteeën dêr’t films en muzyk fan ynhelle wurde kinne. The Pirate Bay bygelyks is net beskikber yn Portugal en Italië.

Grikelân, Meksiko, Egypte en Australië hantearje it ferbod krekt as yn Nederlân. Yllegaal delheljen is neffens de wet ferbean, mar der wurdt noch net beboete. Dochs jildt in warskôging: it kin samar feroarje. It is oan te rieden om foar it ôfreizgjen de lokale wetten op te sykje en dfy wol yn te heljen.

De aktuele wetjouwing yn favorite fakânsjelannen is hjir te besjen.

july 15, 2019 16:35
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.