FNP stelt fragen oer puntetelling en finânsjes Waadfûns

july 3, 2019 19:29

Sybren Posthumus: ‘Beoardieling plannen Waadfûns moat transparanter’

Sybren Posthumus, is wurdfierder Ekonomy, rekreaasje & toerisme yn de FNP-Steatefraksje (foto © FNP)

De Steatefraksje fan de FNP stelt skriftlike fragen oan deputearre Poepjes oer subsydzjes fan it Waadfûns. De proseduere mei de puntetelling is foar oanfregers hielendal net transparant. Der bliuwt ek noch hieltyd in soad jild net-brûkt op de planke lizzen.

Puntetelling
Oanlieding foar de fragen fan FNP-wurdfierder Sybren Posthumus binne sinjalen fan ferskate organisaasjes, dat it net dúdlik is hoe’t de puntetelling foar harren subsydzje-oanfragen by it Waadfûns no krekt ferrint. Posthumus stiet derop oan dat dêr ferbettering yn komt. Bygelyks troch de proseduere mei dy puntetelling helder út te lizzen op de webside fan it Waadfûns.

Oanfregers krije neffens eigen sizzen ek hielendal net te hearren watfoar punten oft hja skoard hawwe by in oanfraach, of wêr’t it oan leit as in oanfraach ôfwiisd wurdt. Op dat punt bepleitet de FNP ek mear transparânsje: “Sa’n ôfwizing is foar de minsken no in black box, se ha nei de tiid gjin idee wêr’t it oan lein hat. Tige frustrearjend fansels.”

Reserves
De FNP hat fierder konstatearre dat der noch foar mear as hûndert miljoen euro oan jild op de balâns fan it Waadfûns stiet, dat noch net útjûn is. Dêr komt de kommende jierren nochris € 28.878.000 jierliks fan it Ryk by op. Der wurdt lykwols jierliks net mear as sawat € 29 miljoen útjûn. De rest komt dus allegear net te’n goede fan de natuer en ekonomy yn it Waadgebiet, sa’t de bedoeling wie. Posthumus freget wat de deputearre en it Waadfûns dwaan sille om de opboude reserves foar de regio nuttich te besteegjen foardat it Waadfûns nei 2026 opdoekt wurdt.

july 3, 2019 19:29
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Loek van der Heide july 6, 14:58

    De opgebrachte aardgasbaten v.u. het Waddenfonds is door politiek/ambtenaarstructuren teveel vastomlijnd voor ‘natuur’ en gemeeltelijke ‘zoethouder’ projecten varierend van RVS brugleuningen tot een veelheid aan fiets/voetganger-vriendelijke maatregelen waarmee de -zeer plaatselijk denkende politiek zich op de borst slaat. Waar het wezenlijk om gaat is de bereikbaarheid van de groot-Fries-Nederlandse kustregio’s over het water en het spoor.
    Voorlopig zie ik nog te weinig beweging vanuit ‘Leeuwarden’ naar een betere ontsluiting van deze provincie op, met name via Haven Harlingen verbonden via de ‘Aansluitdijk’, door RWS/I&M structureel als AF-sluitdijk dichtgetimmerd. Vriesland en rest Noord.NL / Overijssel hebben meer kansen als deze regio’s Harlingen naast Eemsmond en de IJsselmeer-werven meer en beter integreren in de bereikbaarheid van Noord.NL per spoor, naast de Lely-lijn, ook investeren in de Afsluitdijk spoorvariant. Kan ieder via het volledig rondje IJsselmeer nog meer van natuur genieten. Bovendien wordt Harlingen naast Groningen Seaports als zeehaven ook meer serieus opgemomen in het stelsel zeehavens ter ontlasting van de Randstad.
    Loek van der Heide

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.