Fertroulik: oanslach by Sinteklaasyntocht Dokkum wie ‘oannimlik’

july 18, 2019 21:57

Foto: Wikipedia/Gaby Kooiman

De oerheid gie derfan út dat der by de Sinteklaasyntocht yn Dokkum yn 2017 in “aannemelijke waarschijnlijkheid” op in oanslach wie. Dat skriuwt de Ljouwerter Krante. De organisaasje Jongryske mienskip hie de ynformaasje opfrege by de gemeente Noardeast-Fryslân.

De Jongfryske mienskip hat dat dien om Jenny Douwes te stypjen. Hja hie fia Facebook oproppen om de bussen tsjin te hâlden mei minsken dy’t by de yntocht yn novimber 2017 tsjin Swarte Pyt demonstrearje woene. Frou Douwes is earder feroardiele foar dy oprop, mar hja is tsjin de útspraak yn berop gien. Ynformaasje oer de yntocht kin moolk fan foardiel wêze foar frou Douwes en de oare ‘blokkear-Friezen’.

De gemeente woe lykwols net alle ynformaasje jaan. De Jongfryske mienskip fierde dêr tongersdei in rjochtssaak oer. It die lykwols bliken dat Noardeast-Fryslân de ynformaasje oer de terroristyske driging ek net buorkundich meitsje mocht hie.

Kerst Huisman is ien fan ‘e leden fan de Jongfryske Mienskip dy’t by it proses wiene. Hy skriuwt op Faceboek: “Als dat stuk al dadelijk vrij was gegeven was de kans heel groot geweest dat de rechter in het grote proces in Leeuwarden tot een heel andere uitspraak was gekomen. Ik acht het zelfs niet uitgesloten dat Jenny en een groot aantal anderen dan zouden zijn vrijgesproken.”

july 18, 2019 21:57
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Kerst Huisman july 19, 10:20

    It wie ek wol in spannende gearkomste juster. Ik hie in ferhaal opsteld, dat neffens Sander Hoekstra, Jenny Douwes en ek mysels goed yn elkoar siet. It wie in pleit foar it folslein iepenbier meitsjen fan de stikken fan de gearkomsten fan de Gezagsdriehoek, foarôfgeand en tidens de Sinterklaasyntocht yn Dokkum op 18 novimber 2017. Ik krige lykwols net de kâns om it hielendal foar te lêzen, want de foarsitter ûnderbruts my hieltiten wer. Dat waard better doe´t Sander Hoekstra dúdlik merkbite liet dat er de hâlding fan de foarsitter mar neat fûn, en der wat fan sei. Sa haw ik dochs alle wêzentlike dingen sizze kind dy´t ik sizze woe. Ik tink dat dy obstruksje fan de foarsitter hiel dúdlik yn fan alles te krijen hie mei de ynhâld fan myn ferhaal. It wie winliken ek in oanklacht tsjin de âld-boargemaster fan Dongeradiel, drs. Marga Waanders. De rjochter yn it proses tsjin de Blokkearfriezen woe neat witte fan gefaren en driging mei geweld tidens de Sinterklaasyntocht yn Dokkum. Jenny Douwes koe prate wat se woe, de rjochter ûntkende glêdwei dat soks der west hie. En no hat bliken dien dat it dochs wol sa wie. Om it yn dy iene skitterjende sin fan Willem Riemersma te sizzen: It hege wurd is der út: der wie risiko, novimber 2017. Dit set neffens my de hiele saak fan Jenny en de blokkearders, aanst yn it heger berop, op de kop. De útspraak soe wolris geunstich foar Jenny útfalle kinne. En as gefolch dêrfan, ek foar fierwei de measte blokkearders.Ik haw fan it begjin ôf oan witten, dat Jenny gelyk hân hie mei wat se foar de rjochtbank sein hie, en dêrom haw ik my ek foar har inset mei kuiertochten en skriuwerij. Dizze útkomst makket my sels ek bliid fansels. Mar net foar myn eigen eare. Mar foar it rjocht. En dochs ek foar Jenny.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.