Ferskate tophurdriders skeelerje mei yn Alvestêdetocht foar Gambia

july 7, 2019 08:10

Oan de skeelertocht fan trije freonen by de alve Fryske stêden lâns diene ek in groep Nederlânske tophurdriders mei. De trije rieden de tocht op sneon 6 july 2019 yn ien kear út. It inisjatyf kaam fan de 72-jierrige Nico Veldman út Haskerdiken. Hja skeeleren foar it goede doel, it ferbetterjen fan ûnderwiis yn Gambia.

Foto: Noordoost.nl/Alex J. de Haan

De tophurdriders skeeleren ferskate stikken fan de rûte mei. De folsleine rit fan mear as twahûndert kilometer paste net yn harren treningsskema’s, fertelt Nico Veldman. Jorrit Breeuwsma heakke om it middeisskoft hinne yn Boalsert oan, mar ried fanwege syn treningsskema de tocht net út. Syn broer Daan Breeuwsma die ek mei. Yvonne Nauta en Margot Boer stiene yn Burdaard klear en rieden de tocht mei út. Ids Postma joech de moarns it startskot yn Goutum. Sven Kramer en Ireen Wüst wiene der ek by.

It goede doel stie sintraal by de Alvestêdetocht op skeelers. De opbringst fan de sponsortocht is foar stifting Care for Gambia, dêr’t Nico Veldman ponghâlder en syn frou Corry Veldman-van der Voort foarsitter fan binne. Hja sette har yn foar bern en harren âlden, dy’t sels gjin ûnderwiis bekostigje kinne. Alle riden kilometers koene foar ferskate tariven sponsore wurde.

De dielnimmers kamen juster om 19.00 oere hinne yn Ljouwert oan.

july 7, 2019 08:10
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.