Feangreidefyzje op ynternet

july 18, 2019 07:23

Foto: Wikipedia/Rasbak – lisinsje CC BY-SA 3.0

Op www.veenweidefryslan.frl, it nije webstee fan Feangreide Fryslân, is fan no ôf te lêzen watfoar projekten en ûndersiken dien wurde en yn hokker gebieten dat bart.

Feangreide
It Fryske feangreidegebiet bestiet foar it grutste part út greide foar de (melk)feehâlderij. Der binne ek in protte natuergebieten te finen en it gebiet wurdt bewenne. Yn it ferline is it fean ûntwettere foar de feehâlderij. De drûchleine grûn oksidearret. Dêrtroch ferdwynt it fean stadichoan en sakket de boaiem. Der is ek mear útstjit fan CO2 en de legere grûnwetterstannen bringe skea mei oan houten pealfundearingen fan wenningen. Troch it fean wieter te hâlden is der minder oksidaasje, mar in heger wetterpeil soarget foar wietere lânbougrûn.

Gearwurkje
Om it unike karakter en de lânboufunksje te behâlden, wurkje in stikmannich organisaasjes gear om it fersakjen fan de boaiem te beheinen. Dat binne de provinsje Fryslân, Wetterskip Fryslân, boere-organisaasjes, de Fryske Miljeufederaasje en belange-organisaasjes en ynwenners fan it gebiet. Yn 2015 hat de Provinsje de Feangreidefyzje fêststeld. De ambysjes dêrút binne beskreaun yn it Utfieringsprogramma.

Fyzje
De Feangreidefyzje is opsteld op inisjatyf fan de Provinsje Fryslân en Wetterskip Fryslân. De fyzje dy’t in duorsum ûntwikkelingsperspektyf foar in oantreklik en leefber feangreidegebiet sketst, is op it nije webstee foar elkenien tagonklik.

july 18, 2019 07:23
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.