Fakânsjeparken yn Fryslân it duorsumst
Resint ferskynd
Yn Fryslân binne fakânsjeparken mear dwaande mei duorsumens as fakânsjeparken yn oare provinsjes. Dat docht bliken út it Duorsumheidsûndersyk 2019 fan Bungalowparkoverzicht.nl. Dêr waard de duorsumens fan goed 350 fakânsjeparken yn Nederlân by ferlike. Under oare waard sjoen nei Green Key-sertifisearring, in wichtich keurmerk foar miljeubewuste organisaasjes.
Helte Fryske fakânsjeparken is Green Key-sertifisearre
44% fan de fakânsjeparken yn Fryslân hat in Green Key-sertifikaat. Sa’n keurmerk betsjut dat in fakânsjepark him ynset foar duorsumens en it miljeu, sûnder dat harren gasten ynleverje op komfort en kwaliteit. Yn Utert (40%) en Súd-Hollân (38%) is it persintaazje Green Key-sertifisearre parken ek folle heger as de lanlike trochsneed fan 23%.
Yn Noard-Hollân binne fakânsjeparken it minst mei duorsumens dwaande. Mar 16% fan de fakânsjeparken hat Green Key-sertifikaat. Fakânsjeparken yn Oerisel (17%) en Noard-Brabân (18%) skoare ek relatyf leech.
Fakânsjeparken sjogge Green Key-sertifisearring as tige wichtich
Hast alle grutte Nederlânske fakânsjeparkkeaten jouwe oan dat se wól dwaande binne om harren parken Green Key-sertifisearre te krijen, foaral om’t se fernimme dat harren gasten duorsumens wichtich fine. De ferwachting is dan ek dat it tal fakânsjeparken mei Green Key-sertifisearring hurd tanimme sil.
Bungalows fan it gas ôf
Oare duorsumheidsmaatregels dy’t fakânsjeparkkeaten nimme, binne ûnder mear it gasfrij meitsjen fan harren fakânsjehúskes. De measte keaten ferwachtsje dat al harren bungalows oer in jiermannich gasfrij binne. In minyhúske mei sinnekollektoaren kin bygelyks in poerbêst duorsum alternatyf wêze.
Mear resultaten fan it Duorsumensûndersyk 2019 binne hjir te finen.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje