Facebook warskôget It Nijs: bleate neandertalerpop mei net

july 25, 2019 19:18

Fan ‘e moarn is op It Nijs in artikel ferskynd oer de iere skiednis fan de homo sapiens, de moderne minske. Lykas wenst waard op Facebook en Twitter in link nei it artikel pleatst. Facebook hat de link lykwols ferwidere. De link op it Facebookakkount mei in karút út artikels fan ‘e dei waard ek weihelle. De reden: de ôfbylding dy’t derby stie.

By it stik, dat gie oer de útkomsten fan resint wittenskiplik ûndersyk, stie nammentlik in foto fan in pop dy’t in neandertaler foarstelt, in minskesoarte dy’t ek dna benefterlitten hat yn de minsklike stambeam. De pop hie gjin klean oan en dat mocht net fan Facebook. Der soene minsken oanstjit oan nimme kinne, sa wie it berjocht en Facebook moast foar eltsenien ‘feilich’ wêze. Soe der noch in kear wat op Facebook set wurde dat yn striid wie mei de regels fan Facebook, dan soe it akkount fan It Nijs tydlik blokkearre wurde.

Hjir kinne jo it artikel lêze en in plaatsje besjen dat derby heart.

july 25, 2019 19:18
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Rogier july 25, 19:42

    Amerikaansk bedriuw, he, dan wit je ‘t wol. Geweld is no problem, wapens no problem, mar een bleate pop is really offensive. Gelokkog bin wy nuchtere Friezen.

  2. X. july 25, 20:35

    Bêste minsken, ik soe my der net al te drok oer meitsje. Sa as Rogier seit: Amerikanen. Dêr is it wol mei sein. Jim (Fryske) lêzers binne echt net beledige fan in neandertaler sûnder ûnderbroekje.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.