Eric Hoekstra: út ‘Roman fan in hielmaster’ (77)

july 27, 2019 07:05 Fernijd

ôfdylding Wikimedia Commons.

Yntocht yn Jeruzalem en it Foarhôf fan ’e Heidenen

As wy ticht by Jeruzalem binne, by Betfage en Betanië, tsjin de Oliifberch oan, stjoer ik twa learlingen foarút mei de opdracht:
“Gean nei it doarp ta hjir rjocht foaroer en sa gau as jim dêr binne, sille jim in ezelsfôle fine, dêr’t noch nea ien op sitten hat. Meitsje dy los en bring him hjir.” De twa rinne der hinne en fine de fôle, dy’t se meinimme nei my ta. Se lizze har klean deroerhinne en ik gean derop sitten. In protte lju lizze har klean oer de dyk, en oaren tûken mei blêden dy’t se fan ’e beammen ôfbrekke. En de lju dy’t foar my út en efter my oan rinne, sjonge:

Hosanna! Hosanna!
Seinige wa’t komt, út namme fan de Hear.
Seinige wat komt, it keninkryk fan ús heit David.
Hosanna, ferlos ús no, Alderheechste!

Ik kom oan yn Jeruzalem en gean de timpel yn. As ik yn it Foarhôf fan ’e Heidenen bin, sjoch ik hoe respektleas oft de autoriteiten omgeane mei de net-Joaden dy’t der komme om God ear te bewizen. Dan stjoer ik elkenien fuort dy’t dêr yn it Foarhôf keapet en ferkeapet. Ik kear de tafels fan ’e jildwikselders om en de stuollen fan ‘e doweferkeapers. En ik lit net ta dat ien wat oars as himsels en syn offer meinimt ta de timpel yn. Ik lis it út oan de learlingen en sis:
“Stiet yn it boek Jesaja net skreaun:

Myn hûs sil in hûs fan gebed
foar alle folken wêze.

Mar wat ha sy derfan makke? In rôversnêst!”
De timpelautoriteiten hearre dat en se stinne derop om hoe’t se my ombringe kinne, want se binne bang fan my. En in protte lju binne kjel wurden fan myn boadskip. As it let op ’e dei is, gean ik de stêd wer út nei Betanië ta, mei myn freonen.

De foargeande ôfleveringen binne fan 3 febrewaris 2018 ôf hieltyd op sneon op It Nijs publisearre.
Mear ynformaasje oer Roman fan in hielmaster is te finen op 
https://www.elikser.nl/roman-fan-in-hielmaster-roman-van-een-geneesheer.htm.
july 27, 2019 07:05 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.