Eric Hoekstra: út ‘Roman fan in hielmaster’ (76)

july 20, 2019 07:30 Fernijd

Boarne: Wikimedia Commons

De bline Bartimeüs nimt grûn yn beslach

Yn Jericho sit de bline bidler Bartimeüs op ’e grûn, in kleed om him hinne tsjin it geweld fan ’e wrâld. As er heart dat ik tichtby bin, begjint er te roppen:
“Jezus, soan fan David, haw begrutsjen mei my!”
Guon lju karre dat ôf en wolle dat er him de mûle hâldt. Mar Bartimeüs freget en ropt namstemear. Ik bliuw stil stean en sis:
“Lit him hjir komme.”
Dat se rinne nei him ta en sizze:
“Hâld moed, jou dy oerein, hy ropt dy.”
Bartimeus smyt syn kleed ôf, springt oerein en komt nei my ta. Ik freegje:
“Wat wolsto fan my?”
Bartimeüs seit:
“Dat ik wer sjen kin.”
En ik sis:
“Dyn trou en dyn fertrouwen yn God hawwe dyn behâld west.”
En Bartimeüs geane de eagen iepen en hy folget my op myn wei.

De foargeande ôfleveringen binne fan 3 febrewaris 2018 ôf hieltyd op sneon op It Nijs publisearre.
Mear ynformaasje oer Roman fan in hielmaster is te finen op 
https://www.elikser.nl/roman-fan-in-hielmaster-roman-van-een-geneesheer.htm.
july 20, 2019 07:30 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.