Eric Hoekstra: út ‘Roman fan in hielmaster’ (75)

july 14, 2019 06:43

http://photos1.blogger.com/

De figebeam nimt grûn yn beslach

In figebeam groeit no al jierren mar draacht gjin frucht. De eigener seit tsjin ’e túnman:
“Set de bile der mar yn. Dat ding hat lang genôch romte ynnommen yn myn tún.”
Mar de túnman seit:
“Och, lit him noch mar efkes stean. Dan jou ik him wat ekstra dong en wetter en miskien dat er it oare jier frucht draacht.”
En dan mei de nutteleaze figebeam noch efkes stean bliuwe. Hy sil frucht drage. Of hy sil stjerre sûnder frucht droegen te hawwen, sûnder godsfrucht. Wat silst no dwaan, jonge?

De foargeande ôfleveringen binne fan 3 febrewaris 2018 ôf hieltyd op sneon op It Nijs publisearre.
Mear ynformaasje oer Roman fan in hielmaster is te finen op 
https://www.elikser.nl/roman-fan-in-hielmaster-roman-van-een-geneesheer.htm.
july 14, 2019 06:43
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.