Eksposysje Peter Boersma en José van den Tweel yn Snits

july 9, 2019 10:30

Lânskip fan Peter Boersma

Snitsers en besikers fan de stêd kinne fan ’t simmer genietsje fan wer in bysûndere eksposysje by Bax Kunst yn Snits. Der wurde kollaazjes toand fan Peter Boersma en keramyske wurken fan José van den Tweel. Op 20 july is de fernissaazje fan de eksposysje om 16.00 oere. Dêrby binne belangstellenden fan herte wolkom. Bob de Keukenbouwer fan De Jouwer is adoptyf sponsor fan de eksposysje.

Berchlânskippen
Frysk keunstner Peter Boersma (1974) wennet en wurket al jierren yn Grins. Hy plakt der al in jiermannich op los. Sels rûzet er dat er ûnderwilens al mear as tsien kilometer plakbân ferwurke hat yn syn kollaazjes. Ofbyldings fan berchkeaten as de Himalaya en de Dolomiten, portretten fan Che Guevara of Marilyn Monroe, foto’s fan wolkens, jurken, auto’s: Peter makket der mei help fan syn unike technyk fiktive berchlânskippen fan.

Silogebou fan José van den Tweel

Keramyske bouwurken
Keramiste José van den Tweel is berne yn 1967 yn Swol. Nei in stúdzje oan de SBB yn Gouda, de ambachtlike oplieding foar keramyske techniken, studearre se noch in skoft troch om har te ferdjipjen. Hja folge ek in protte seminars. Sa’t sysels oanjout: “It holp my om te kommen dêr’t ik as keunstner no bin. Ik wurkje ûnder de namme vd2L keramyk.” Al in skoft makket se wurkstikken dy’t te krijen hawwe mei âlde yndustry- en bedriuwsgebouwen. In hip tema: “De krêft en robústens fan âlde fabriken, de dúdlike foarmen is wat my oanlûkt. Mar ek it ferfal, rustlagen op tsjettels en liedings, ôfblêde of heal ynstoarte muorren.”

De eksposysje duorret oant en mei 17 augustus 2019.

Sjoch ek op baxkunst.nl.

july 9, 2019 10:30
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.