Edwin Meijer nije kommissaris Omrop Fryslân

july 14, 2019 09:49

Edwin Meijer (foto: Omrop Fryslân)

Edwin Meijer fan De Jouwer is beneamd ta lid fan de Ried fan Kommissarissen (RfK) fan Omrop Fryslân. Meijer hat finânsjes as oandachtsgebiet yn de RfK. Ger Jaarsma is de nije foarsitter. De RfK bestiet fierder út Saakje Mulder en Lian Nijenhuis.

Edwin Meijer (berne yn Ljouwert yn 1969) is in bedriuwskundige mei romme finansjele, ekonomyske en kommersjele ekspertize. Hy hat de ôfrûne jierren wurksum west yn ferskate direksjefunksjes by de Rabobank, it lêst as direkteur bedriuwen by Rabobank Ljouwert / Noardwest-Fryslân. Hy begelate ûndernimmers om harren ambysjes te realisearjen en hy hat binnen de Rabobank grutte feroaringstrajekten laat. Ut syn koöperative eftergrûn wei wie hy ferantwurdlik foar de maatskiplike aginda fan de Rabobank. Meijer folge syn oplieding ûnder oare oan de HEAO yn Ljouwert, de RUG yn Grins, London Business School en Nyenrode.

Ger Jaarsma (foto: Omrop Fryslân)

RfK-foarsitter Ger Jaarsma: “Edwin is hikke en tein yn Fryslân en hat dêrtroch in soad gefoel by de Fryske taal en kultuer. Hy is finansjeel bedreaun en in teamspiler. In oanwinst foar de RfK fan Omrop Fryslân”.

Nije foarsitter
Ger Jaarsma is de nije foarsitter fan de Ried fan Kommissarissen. Hy is sûnt septimber 2010 lid fan de RfK fan Omrop Fryslân. Hy nimt it foarsitterskip oer fan Ton Baas dy’t yn juny ôfskied naam fan de RfK. Baas wie sûnt septimber 2007 kommissaris by de Omrop.

july 14, 2019 09:49
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.