Dweilorkest de Feintsjes ek Nasjonaal Kampioen

july 8, 2019 10:26

De Feintsjes yn Voorthuizen (eigen foto)

Neidat it dweilorkest De Menaemer Feintsjes earder dit jier al Nederlânsk kampioen wurden wie, is it sneon wer kampioen wurden, no op it Nasjonaal Kampioenskip Dweilorkesten dat yn Voorthuizen holden waard. Dêr spilen trettjin orkesten, dy’t troch in fakkundige sjuery beoardiele waarden. De Feintsjes hiene dêr seis jier lyn foar it lêst oan meidien.

Jan Smit en de Lawineboys brochten it tastreamde publyk earst yn de feeststimming. Under it spyljen fan de dielnimmende orkesten rûn de spanning jûns flink op, mar om nachts tolve oere hinne kaam de útslach. De Feintsjes waarden ta kampioen útroppen. Dat kaam troch harren enerzjyk en muzikaal sterke show. Harren ynteraksje mei it publyk waard ek heech wurdearre.

De Feintsjes waarden ek nasjonaal kampioen yn 2009, 2010, 2011 en 2013. Bûtendat binne se ek fjouwer kear Nederlânsk Kampioen wurden. Dat wie yn 2009, 2013, 2018 en 2019.

july 8, 2019 10:26
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.