Drinten komme mei alternatyf Sinteklaassjoernaal

july 31, 2019 20:17

Foto: Wikipedia/Gaby Kooiman

“We merken dat steeds meer mensen weglopen bij het journaal van de NTR”, seit Wim Beverdam fan de Stichting Sinterklaas yn Emmen. De Drintske organisaasje is dwaande mei it opnimmen fan in rige koarte films oer de tarieding fan Sinteklaas op syn reis nei Nederlân ta. Fan healwei novimber ôf wurde njoggen ôfleverings fan elk tweintich minuten fia ynternet ferspraat, as alternatyf foar it Sinteklaassjoernaal fan de NTR. Dizze wike binne de earste opnamen makke yn Dútslân.

De Drintske Sinteklaas hat allinnich mar swarte piten. “Wij houden het traditioneel”, seit Beverdam. “Met die discussie zijn we wel een beetje klaar.” De boargemaster fan Emmen docht mei yn de searje, lykas ferskate Drintske ûndernimmers. It produsearjen fan de rige wurdt finansiere troch bedriuwen út de regio.

july 31, 2019 20:17
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.