Dreamen fan Curaçao

july 11, 2019 10:23

Yn de nije dokusearje Dromen van Curaçao folgje we in stikmannich skoalbern op de havo/vwo-skoalle it MIL op Curaçao yn harren eineksamenjier. De learlingen hawwe elk harren eigen dreamen en ferwachtings oer harren libben nei it eksamen. Mar safier is it noch net, it lêste jier is dreger as se tochten. Sport, bybaantsje en frije tiid freegje ek omtinken.

Foto: NTR

Dromen van Curaçao jout in bysûnder ynsjoch yn it libben fan dy gewoane Curaçaoske jongelju. Eltse learling hat syn eigen tinzen, plannen en twivels. Allegear hawwe se dreamen oer de takomst. Jean wol piloat wurde, Chennery sil Sinees studearje en Daniel moat winne op de Karibyske Spullen. Yn it eineksamenjier moatte de learlingen in kar meitsje foar letter. Sille se trochstudearje, en hokker rjochting dan? Bliuwe se op Curaçao of kieze se foar in stúdzje yn Nederlân of Amearika? En ûnderwilens komme de eksamens hieltyd tichterby…

De fiifdielige dokusearje Dromen van Curaçao is in koproduksje fan Paul de Bont Produksjes en NTR. De searje is fan moandei 2 septimber ôf fiif dagen efterinoar te sjen om 19.15 oere op NPO2.

De voice-over fan de rige is ynsprutsen troch Noraly Beyer (NOS Sjoernaal 1985-2008). Noraly Beyer, berne op Curaçao, siet sels ek op it MIL yn Willemstêd. Regisseur fan Dromen van Curaçao is Ida Does (û.o. Sporen van Suiker). Hja makke de searje mei oare filmmakkers mei in Karibyske eftergrûn, lykas Hester Jonkhout, Jurgen Lisse en Michel Drenthe.

Utstjoering: alle dagen fan 2 o/m 6 septimber om 19.15 oere by de NTR op NPO2

july 11, 2019 10:23
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.