Drama yn Nijskoat

july 6, 2019 07:17

Histoarysk ferhaal ferteld troch Jangerben

Op twadde pinksterdei, 18 maaie 1891, hat him, wylst it Skoattermerk wie, yn Nijskoat in drama ôfspile. Op in boerespultsje oan de grintwei fan Ald- nei Nijskoat wennen Hindrik en Jeltsje Huisman. Hja wiene in jier troud. Dy twadde pinksterdei, moarns om healwei alven, makke Hindrik risselwaasje om nei de merk te gean. De feint wie al earder ôfset. Doe’t Hindrik ek fuortgie, bleau Jeltsje allinne efter.

Middeis om ien oere kaam de feint werom fan de merk; doe’t er yn ’e hûs kaam seach er de boerinne net. Wol leine op de tafel stopjern mei in nulle en in pear stoppe sokken. Doe gie er mar yn de keuken sitten te wachtsjen om’t er tocht dat de frou miskien wol efkes nei de buorlju ta wie. Mar doe’t it wat lang duorre gie er dêrhinne om te freegjen oft dy har ek sjoen hiene. Mar se hie dêr net west.

Doe’t er wer by de pleats kaam, seach er de boer oankommen mei in ko dy’t er op ’e merk kocht hie. Dy fûn it mar frjemd doe’t er fan de feint hearde dat de frou der net wie. Yn de keuken stie in panne mei brij dy’t oanbrând wie en doe’t er yn de keamer kaam, seach er dat it kammenet iepenbrutsen wie. Trochdat er yn it doarp as earmfâd fungearre, hie er foar de administraasje dêrfan fjouwerhûndert gûne yn it kammenet lizzen. It liket derop dat de dieder dat witten hat. Doe’t de boer en de feint út de keuken wei nei de telle rûnen, seagen se ta harren grutte alteraasje bloedplakken en kraaltsjes fan in frouljuskap op de liemen telleflier lizzen; doe begriepen se dat der wat slims bard wie.

Doe’t se fierder sochten, fûnen se yn de skuorre efter it strie it lyk fan Jeltsje mei in grutte wûne oan de holle, yn ’e hân hie se in tûfe hier klamme. Nei alle gedachten sil de moardner troch it efterhûs deryn kommen wêze en hat de frou wat heard en is se doe nei efteren rûn om te sjen wat der te rêden wie. Op de telle sil se oanfallen wêze en hat se in klap mei in skerp ding op de holle krige. It kin ek wêze dat se ferwûne nei de skuorre flechte is en dêr fermoarde is en efter it strie smiten.

De plysje hie al gau in fertochte op it each, in man út Sint-Jânsgea, dy’t net sa geunstich bekend stie. It ferhoar troch justysje waard holden yn de skuorre, op it plak dêr’t it lyk fan de frou fûn wie. De kranten diene doedestiids ek al oan sensaasjesjoernalistyk: in kranteman hie him efter it sket ferstoppe en koe alles hearre. Alle fragen en antwurden skreau er op. It wie in huverige fertoaning mei dat ferhoar, famyljeleden, buorlju en goekunde stiene om it lyk fan de frou hinne mei in blanke deadskiste derneist. Mar op alle fragen fan de justysje joech de fertochte ûntkennende antwurden. Der wiene tsjûgen dy’t de man op de merk sjoen hiene de moarns. Dat hy koe it net dien ha.

Nei ôfrin fan it ferhoar joech de offisier fan justysje de oarder om it lyk yn de kiste te lizzen. De koetsier en de dokter krigen har oan wjerskanten op, mar doe wie der noch ien man te min. De offisier sei tsjin de fertochte: “Help do ek efkes mei.” Doe’t de frou yn de kiste lei, sei de fertochte, him kearend nei de taskôgers: “Och dy stakker.”

Der binne noch mear fertochten oanholden, mar dy koene allegear oantoane dat hja op it stuit fan de moard earne oars wiene. In meiwurker fan it Nieuwsblad van Friesland, de hear A. Aartsma, dy’t letter haadredakteur wurden is, kaam nei ferrin fan tiid noch mei in opmerklik ferhaal. Hy hie de moarns foar de begraffenis mei dominy Wesselink praat om wat feiten oer de fermoarde frou te krijen. Doe sei de dominy dat er wat fertelle woe dat geheim bliuwe moast. Hy hie in fermoeden wa’t de dieder wêze koe en hie dêr in bysûndere reden foar. “Ik wit wat fan dy persoan wat in oar net wit. Dêrtroch wurdt er fan nimmen fertocht. De troch my fertochte wurdt útnûge foar de begraffenis. Ik sil him jo fan ’e middei temûk oanwize. As jo him goed yn ’e gaten hâlde, sil ik yn myn taspraak hiel bot op syn gemoed wurkje en as er noch wat minskliks yn him hat, moat syn antlit dochs feroarje.” Mar sels ûnder de meast striemjende wurden, dy’t de oare oanwêzigen sa yn it moed taasten dat se triennen yn ’e eagen hiene, bleau de bedoelde persoan sûnder emoasje. It misdriuw is nettsjinsteande de tûfe hier tusken de fingers nea oplost.

Yn dy tiid waard fan moarden en oar heislik barren in ferske makke op in besteande wize. De tekst waard dan op ’e dyk ferkocht. Oer dizze moard is in ferske makke op de wize fan ‘Op ’t sombere kerkhof’. Der wiene seis kûpletten, dêr’t de hiele moard yn besongen waard. It twadde kûplet giet sa:

De man was ’s morgens uitgegaan,
Hy ging ter markte henen.
Naar Oudeschoot niet ver vandaan
En was weldra verdwenen.
Hij wist niet dat hij weer kwam thuis,
Wat vreselijk lot, wat bitter kruis
Hem ’s middags stond te wachten,
En dat door wrede zucht naar geld
Zijn dierb’re vrouw was neergeveld
Door wrede moordnaars krachten.

 Hindrik Huisman waard sels ek as fertochte foarlaat en troch somlike lju ek as fertochte sjoen. Troch dy ûnderdúmske fertinkingen waard er in brutsen man.

Dit ferhaal haw ik út ferskate kranten fan dy tiid helle en is earder publisearre yn Groot Heerenveen.
Mei tank oan it doarpsbelang fan Nijskoat, dêr’t ik in foto fan brûke mocht út it prachtich útjûne boek, Nieuweschoot, beeld van een dorp.
july 6, 2019 07:17
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.