Dosint fan it jier Katja Hoekstra

july 5, 2019 15:21

Katja Hoekstra (foto © Leeuwarder Studentenkrant)

Katja Hoekstra is troch de lêzers fan de Leeuwarder Studentenkrant keazen as de favorytste dosint fan Ljouwert. Hoekstra wurket by de oplieding Kommunikaasje fan NHL Stenden Hegeskoalle. Se wûn mei 19% fan de goed 2300 stimmen.

De winner liet Klaas Boorsma (Van Hall Ynstitút) en de winners fan 2018 (Freek Kap-van Bergen en 2017 Vincent Tillema (beide NHL Stenden Hegeskoalle) efter har. Se moast wol efkes wenne oan har nije titel, mar se is der tige wiis mei: “Ynspirearre reitsje troch elkenien om my hinne, studinten nije dingen leare en harren ynsjen litte watfoar wearde dat hat fyn ik geweldich.”

De ferkiezing waard dit jier foar de seisde kear organisearre. De Leeuwarder Studentenkrant is in fergeze krante foar studinten. Hy komt fiif kear yn it jier út yn in oplage fan 16.000 eksimplaren. It nijste nûmer mei it ynterview mei Katja Hoekstra is fan hjoed ôf te krijen op Ljouwerter hegeskoallen en op mear as fyftich punten yn de Ljouwerter binnenstêd. It ynterview is ek te lêzen op www.leeuwarderstudentenkrant.nl

july 5, 2019 15:21
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.