‘Doarp oan see’ as byldferhaal

july 8, 2019 11:45

Fan de roman Doarp oan see (1960) fan Hein Faber is in skitterjende nije edysje útkommen: in byldferhaal makke troch bydzjend keunstner Frâns Faber, omkesizzer fan Hein Faber.

Mei trochdat Hein sa’n byldzjend skriuwer wie, kaam Frâns op it idee om fan Doarp oan see in byldferhaal te meitsjen. Syn krêftige tekeningen ferbyldzje de ynhâld fan it boek op in prachtige manier en bringe Wichert Humalda, Sibe de Seeman, âlde Eling en alle oaren ta libben.

Hein F. Faber (Boalsert, 1904-Mullum, 1970) wie in Frysk skriuwer, dichter, sjoernalist, fotograaf en filmer, mar ek masjinist, konservator fan museum Frjentsjer en letter antikêr yn Harns. Yn Doarp oan see beskriuwt er it deistich libben yn Makkum en syn soms nuveraardige ynwenners, yn de tiid foardat de Sudersee de Iselmar waard.

De Frysktalige grafyske roman fan 184 siden mei in hurd omslach is útjûn by Bornmeer en te bestellen by Frâns Faber (defrijewyn@planet.nl).
Priis: € 24,90 (eksklusyf ferstjoerkosten).

july 8, 2019 11:45
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. F. Dykstra july 10, 14:29

    Haw it boek kocht, prachtig makke, fakmanskip! In echte oanrieder.
    Haw it noch net út mar de ferhalen binne ek prachtich.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.