Der komt in Frysk-Iersk filmfestival

july 26, 2019 15:43

Foto: Unsplash / Krists Luhaers

It Ierske Gaillimh/Galway en Ljouwert krije tegearre in filmfestival. Ljouwert wie yn 2018 kulturele haadstêd fan Europa en wol de namme as kultuerstêd heechhâlde, wylst Galway yn 2020 kulturele haadstêd wurdt. Doel is dat deselde films tagelyk yn Ljouwert en yn Gaillimh draaid wurde. Gaillimh stiet bekend as filmstêd en hat sels in spesjale UNESCO-status fanwegen it grutte filmoanbod.

It getal alve spilet in grutte rol by it festival. Yn alve dagen meitsje alve Fryske en alve Ierske filmmakkers alve films, dy’t op de lêste dei fan it festival sjen litten wurde oan it publyk. In datum is noch net bekend. Wa’t belangstelling hat om mei te dwaan, kin him oppenearje op info@nnw.frl.

july 26, 2019 15:43
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.