De Roma en Sinty hawwe foarearst noch gjin Nederlânske advysrie

july 26, 2019 20:10

Foto: Morguefile

It oprjochtsjen fan in advysrie foar de taal en kultuer fan de Roma en Sinty wol net bot eine. Foaroanlju út de beweging binne deilis. Der bestiet benammen eangst dat subsydzjes aansen by in lyts groepke minsken bedarje.

De Sinty en Roma, tradisjoneel ‘Sigeuners’ neamd, hawwe lykas de Friezen in beskerme taal. Boppedat hawwe hja as wenweinbewenners hiel eigen problemen. Oant 2012 bestie der in advysorgaan oer saken dy’t de Roma en Sinty oanbelangen, mar fanwegen klachten dat dat net út namme fan de hiele mienskip spriek, is it opdoekt. Mei op oanstean fan ynternasjonale organisaasjes hat de Nederlânske oerheid stimulearre dat der in nije advysrie opset waard.

Der sit noch in soad âld sear tusken ferskate groepen Sinty en Roma. In grut skeel is ûntstien trochdat jild dat de oerheid oan de mienskip jûn hat as leedfersêfting foar de ferfolging yn ‘e Twadde Wrâldoarloch foar in grut part opmakke is. Dat en oare problemen soargje derfoar dat it opsetten fan in nij advysorgaan net fan ‘e grûn komt.

Mila Bihari fan de Roma-mienskip yn Utert seit dat in lanlik advysorgaan net by de Sinty en Roma past. “Elke lokale Roma-organisatie is anders en elke situatie is anders”, seit hja. Ferskate Roma-mienskippen yn Nederlân, wêrûnder in groep yn Fryslân, sizze dat se hielendal net wisten fan de plannen om in lanlike fertsjintwurdiging op te rjochtsjen.

july 26, 2019 20:10
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.