De minske is jit wat minder homo sapiens as dat er tocht hie

july 25, 2019 07:00 Fernijd

Rekonstruksje fan in Neandertaler

Yn de biology wurde twa groepen bisten pas ferskillende soarten neamd as se net ûnderling krúst wurde kinne. Dy strange eask laat lykwols gauris ta swierrichheden as bliken docht dat wêzens fan twa ‘soarten’ dochs jongen krigen hawwe.

Yn it gefal fan de homo sapiens, de soarte dêr’t wy allegear by hearre, joech dat in probleem om’t bliken die dat wy ek dna hawwe dat fan de homo neanderthalensis komt, de neandertalers, in útstoarne groep minsken dêr’t fan oannommen waard dat se in oare soarte foarmen.

No hat bliken dien dat de hjoeddeiske minsken ek dna fan noch wer oare ‘soarten’ yn ‘e sellen hawwe. Dat skriuwe de ûndersikers João Teixeira en Alan Cooper yn it wittenskipstydskrift PNAS.

It mingen fan de ferskate minskesoarten is bard yn it wrâlddiel Eurazië. Minsken komme oarspronklik út Afrika. Sa’n twahûnderttûzen jier lyn teagen de earste minsken fan de soart homo sapiens út Afrika wei nei oare parten fan ‘e ierde ta. Fan dat stuit ôf is de bou fan minsken wat feroare, mooglik troch kontakt mei oare minskesoarten.

De earste kontakten tusken homo sapiens en de neandertalers wiene sa’n fyftichtûzen jier lyn yn it Heine Easten, sa seit ûndersiker Teixeira. Dêrnei kamen ús Afrikaanske foarfaars de Denisovaminske tsjin, dêr’t se ek bern mei krigen, nei alle gedachten yn East-Azië. Benammen de ynwenners fan East-Azië en Australië hawwe in soad dna fan dy útstoarne minskesoarte.

Teixeira en Cooper hawwe ûntdutsen dat de homo sapiens him letter yn it easten fan Azië mei noch twa oare minskesoarten fermongen hat. “Súdeast-Azië wie al in tige bannige oarde doe’t de moderne minsken dêr sa’n fyftichtûzen jier lyn oankamen”, seit Teixeira. De twa minskesoarten binne hominine 1 en hominine 2 neamd. Fan hominine 2 binne fossilen fûn. De earste mingde bern wennen nei alle gedachten yn wat no Yndonesië en de Filipinen binne. Dêr wenne ek de homo floresiensis, in tige lytse minskesoarte dy’t as bynamme de hobbit hat.

“Wy wisten dat de skiednis fan ‘e minsken net ienfâldich wie,” seit Teixeira, “mar it liket allegear noch in stik yngewikkelder as dat wy eanen. It liket derop as binne de argayske minskesoarte útstoarn koart neidat se yn kontakt kamen mei de moderne minsken.”

july 25, 2019 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.