De Dodo, de tsjokke do fan Mauritius

july 19, 2019 08:54

Foto: NTR

De dodo is de ferneamdste en alderdeadste fûgel fan ’e wrâld. It fabelbist is fjouwerhûndert jier nei syn definitive fuortgean fan ús planeet rûnom fertsjintwurdige op kessenslopen, bôletrompkes en boekomkaften. Mar wat witte we fan dy fûgel? Der is sa’n bytsje fan oerbleaun dat Jan Wolkers skreau dat jo de sammele brokstikken op de pakjedrager fan jo fyts ôffiere kinne.

Yn ôflevering fiif fan De Toren, de spannende tv-searje oer natuerhistoarje, folget Marcel Musters in Amerikaanske Nederlanner dy’t op it eilân Mauritius in dodoskat fynt. En as it oan de grutte dodowittenskipper Leon Claessens leit, is de pakjedrager fan Wolkers meikoarten in tsjokke ferhúswein. Want hy wit wat net ien wit: wêr’t al dy deade dodo’s bleaun binne….

Foto: NTR

Webside
By De Toren is online in rige ynteraktive, meislepende ferhalen oer de ûntdekking fan ús natuer troch de iuwen hinne ferskynd. Op www.detoren.tv sjocht men nea earder fertoande seebisten, libbet men mei mei in geniale wittenskipper dy’t gjin erkenning krige, oerwaget men oft de minske godlike skeppingskrêft krije moat én ûntdekt men hoe’t in geheime leafde miskien wol ta de meast romantyske natuerskat laat hat.

Besjoch de útstjoering oer de dodo online op Uitzending Gemist.

july 19, 2019 08:54
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.