Cartoon

july 23, 2019 20:07

Resint ferskynd

july 23, 2019 20:07
Skriuw in reaksje

17 opmerkingen

  1. Abe july 23, 20:21

    Wêrom pleatse jim ditsoarte flauwekul, nocht oan ûnnocht dy’t oare minsken op it sear komt? Is dat de bedoeling?

  2. Auke july 24, 02:16

    Omdat der altyd rûmte mat wéze foar satire en krityk yn in freie maatskippij.

  3. Mo july 24, 09:26

    Soe in definysje fan cartoon wêze kinne. Goeie observaasje fan immen dy’t net onbelanget. Of stiet Abe kort foar Abdullah? Lis oars it artikel hjir boppe ek ris, en sjoch wa’t mei de reboelje begûn.

  4. Gjin Namme july 24, 17:29

    Abe, do moatst net sa eamelje. Weaken ha we der al genôch.

  5. ytsje hettinga july 25, 10:06

    Kinst Abe wol in eamelder fine (gjin namme) mar set dan wol even dyn namme derby. Anonime eamelders genôch. ytsje

  6. Kerst Huisman july 25, 12:28

    De redaksje fan It Nijs hat de frijheid fan mieningsutering en de frijheid fan it sinjalearjen fan saken. Om no sa’n drokte te meitsjes as wat hjir no wer bart oer dy tekening mei Alle’s Afhakbar, jonges, it is al sa waarm, no dit ek noch. Der binne guon, dy’t hast nije skuon keapje moatte fanwege har ynbylde lange teannen. Om dan hjirre te sprekken fan ‘nocht oan ûnnocht dy’t oare minsken op it sear komt’, tsja. Sjoch dan ekris nei de teksten fan de rapper Sevn Alias, dy’t sei o sa knoeid te wêzen, en dêrom de hiele saak oanswingele hat. In wier foarbyldeksimpel fan fynsinnigens, beskaving en erudysje. Ik kin hjir gjin plaatsje delsette, dêrom mar efkes ien fan syn teksten. It is wol ûnder it peil fan It Nijs, mar ik hoopje wol dat de redaksje it stean lit, want dan witte wy teminsten hiel goed wêr’t wy it oer hawwe:
    Soms in Call, slanke pot (Pot)
    Ik ben op Hoefkade
    Net een bof (Bof)
    Jij bent geen zieke man
    Jij doet alsof (Ziek)
    Kech met weinig asser
    Krijgt geen associatie
    Ik kom uit d’r kut
    Ik voel me menstruatie
    Vies, man
    Hehehe
    Je bitch wil lit gaan, vip gaan
    Dik gaan, fucken met een big man
    Je bitch wil lit gaan, vip gaan
    Dik gaan, fucken met een big man

  7. Abe july 25, 15:49

    Domme minsken hawwe de frijheid om fan alles op it net te setten, Kerst Huisman; dizze webside jout genôch foarbylden. Dat betsjut net dat oare miskien wol like domme of noch dommere minsken dêr wer net wat fan sizze meie. ‘Humor is in dekmantel voor racisme’, stie okkerdeis boppe in kollum yn NRC. En sa is it mar krekt.

  8. Kerst Huisman july 25, 16:58

    Ha dy Abe! Wy meie sa’t it skynt, fan dy neat sizze oer de islam, wylst it dochs in hiele nearzige en ek gefaarlike godstsjinst is. Lykas de measte godstsjinsten. Lis dat no ris út werom ast der sa oer tinkst. We komme der net mei one-liners en sitaatsjes út de NRC.

  9. Cor Jousma july 25, 17:21

    Bêste redaksje,

    Abe en Kerst of Kerst en Abe hawwe inoar wer fûn. Wolle jimme dizze ûnnoazele diskusje slute? Litte se soks yn ‘e kroech by in potsje bier beëamelje… It giet ommers oer in cartoon!

  10. Kerst Huisman july 25, 17:31

    Wol Cor Jousma no elk al sinsuer?

  11. Abe july 25, 18:46

    Bêste Cor Jousma, wolle jo soargje dat ûnnoazele bydragen lykas dizze cartoon tenei net wer de goede (?) namme fan de Fryske beweging besmodzgje? Yn ‘t foar myn tank.

  12. Cor Jousma july 26, 09:13

    Bêste Abe, bêste Kerst,

    Jimme hâlde myn ynfloed by it Nijs wier foar te grut… By it Nijs binne de bewegers krekt minsken, de iene tinkt sa en de oare wer oars. En by cartoons wurdt it al hielendal dreech…

  13. Abe july 26, 11:27

    Dat hawwe je derfan, Jousma, as der net ien is dy’t in rjochting oanjout en elke ‘redakteur’ mar docht wat him yn ‘t sin komt. It GeenStijltje boartsjen fan ItNijs komt my sa njonkelytsen de kiel út. En dat muoit my, want ik ha noch it lytse bytsje skiedkundich besef dat ik sjuch yn watfoar tradysje dit iennichste folslein Frysktalige nijsmedium stiet – ik tink oan it Frysk Folksblêd, Frysk en Frij, De Nije. Jimme hjirre meitsje der lykwols – pardon my French – in soadsje fan. It iennichste dat ik mei wille lês binne de besteklike kollums fan Aant. Ik ha wol in per net-om-frege advizen. Doch mear mei kollums. Besykje jongerein yn te setten by de skriuwerij. Ferlied in pear mear kopstikken ta in periodike bydrage. Kom sels ek ris mei nijs ynstee fan alles oer te tikken. Set lokale en regionale korrespondinten yn. En mik redakteuren dy’t Allah Ofbakbar-cartoons hiel aardich fine en in wichtige bydrage oan de Fryske striid, derút. Tige tank.

  14. mbc84 july 26, 17:55

    Allinnich at je NRC lêze, en in lidmaatskip hawwe by GL, D66 of PvdA, en ‘fetsoenlik’ binne, allinnich dán meie je fan it goefolk wat sizze. Want allinnich dát is sinnich, al it oare doocht net om’t it net doocht. God oh god, wat in bekrompen tinkwize. Want oh oh, GeenStijl is sa ferkeard, dêr moatte wy yn Fryslân net oan.

    Wat my oanbelanget goaie wy al dat goefolk derút, mei harren utopyske hysteryske praatsjes dêr’t allinnich mar mear ferdieldheid en fersnippering troch ûntstiet.

  15. Johannes Rozenga july 27, 13:50

    Wy moatte in Fryske journalistike oplieding by de NHL ha, dy’t Fryske jongerein oansprekt. Abe, do as haadredaktuer sil dat ek stipje kinne troch dêroan les te jaan. It ferskaat by It Nijs jout foar elkenien wat te lêzen.

  16. Johannes Rozenga july 27, 13:59

    mbc84, ik lês ek de NRC, de Volkskrant en de Ljouwerter. Fers2 lês ik ek mei nocht en wille. “Gjinstyl” haw ik noch nea lêzen, dêr kin neat oer sizze.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.