Caoimhín de Barra: It leit net oan de learaar

july 25, 2019 08:00

Oeral dêr’t in minderheidstaal op skoalle jûn wurdt, kleie minsken oer de kwaliteit fan de lessen. Dat is net terjochte, skriuwt histoarikus Caoimhín de Barra fan ‘e Amerikaanske Gonzaga-universiteit. Hy hat ûndersyk dien nei it plak fan it Iersk yn Ierlân yn it ferline en no. Koartlyn is syn boek Gaeilge: A radical revolution ferskynd.

Hjirûnder stiet in gearfetting fan in kollum fan sines yn de Ierske krante The Journal

Ferline jier kaam ik yn Nashville twa Kanadeeske froulju tsjin. Mei’t ik niget ha oan de Kanadeeske twataligens, frege ik oft hja ek Frânsk koene. Dat bliek in ûngemaklike fraach te wêzen. “Nee”, antwurde ien, “Ik wol mar sizze, wy moatte it wol op skoalle leare, mar …”
Har kammeraatske foel dertusken mei: “De lessen binne gewoan striemin.”
Wêr haw ik dat faker heard, tocht ik.

Yn Ierlân seit elkenien ek dat de Ierske lessen op skoalle sa beroerd binne. Dat is lykwols net wier. Dat kin maklik neigien wurde troch de sifers te ferlykjen mei dy fan oare fakken. Op it eineksamen fan 2016 hiene 5024 learlingen in acht of heger foar Iersk. Foar wiskunde wiene dat mar 2750 learlingen. As de leararen Iersk sa min wêze soene, dan soe dat alhielendal jilde moatte foar wiskundeleararen. Der wiene yn 2016 sels mear learlingen mei in acht of heger foar Iersk as foar Frânsk en Dútsk byinoar (4396), hoewol’t der dat jier fjouwerhûndert learlingen mear wiene mei Frânsk of Dútsk yn it eineksamen as mei Iersk.

Dat minsken kleie oer de kwaliteit fan it Iersk komt dan ek trochdat se it skoalfak Iersk net mei oare skoalfakken ferlykje, mar trochdat se sjogge dat learlingen nei trettjin jier Ierske les noch altyd net perfekt Iersk prate. Hja ornearje, as ien safolle jier les hân hat, moat er de taal dochs like goed prate kinne as Ingelsk. Dat is lykwols net realistysk.

In fyftjinjierrige learling is op skoalle 167 oeren yn it jier mei Iersk dwaande. Hy is lykwols sa’n bytsje alle oare tiid mei it Ingelsk dwaande, ik rûs mear as seistûzen oeren yn it jier. Dat is folle mear. Sels bern dy’t op skoalle alle fakken yn it Iersk krije, hearre mar trettjin persint fan ‘e tiid Iersk.

Kennis moat nammenlik bûten it klaslokaal ûnderhâlden wurde. Dat is maklik te sjen oan oare fakken. Wat minsken fan de rekkenlessen in libben lang ûnthâlde, binne saken lykas optellen, ôflûken, dielen, fermannichfâldigjen en persintaazjes berekkenjen. Dy brûke hja nammentlik faak, wylst se saken lykas algebra en mjitkunde yn it deistich libben net brek binne. Mei Iersk is it ek sa: bûten it klaslokaal binne de measte minsken dy taal net nedich, dus ferjitte se wer wat se leard hawwe.

Undersyk docht útwizing dat de mearderheid fan ‘e Ieren graach flot Iersk prate kinne soe. Dat slagget harren lykwols net. Guon jouwe harsels de skuld, mar men kin wol riede wa’t yn de measte gefallen de skuld kriget. Wylst noch de learling, noch de learling der wat oan dwaan kin. As wy wolle dat learlingen mear fan de taal opstekke, dan moatte wy manieren betinke om de taal bûten it klaslokaal in slinger te jaan.

Klik hjir om de oarspronklike ferzje fan de kollum te lêzen (yn it Ingelsk).

Klik hjir foar mear ynformaasje oer it boek Gaeilge: a radical revolution.

july 25, 2019 08:00
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. RobMokum july 25, 11:38

    Jou de taal ek mar in slinger yn it klaslokaal sels. Ik haw mei Ierske kollega’s wurke en neffens har krije se wol genôg les, mar ek dêr wurdt eins nea Iersk sprutsen. It is gauris oersette fan Ingelske sinnen/wurden yn it Gaelic en oarsom. Sels in simpel petear is te dreech as se 18 binne. As de premier een toespraak yn it Gaelic hâldt is dy foar 85% fan de Ieren net te begripen en de rest begrypt mar in lyts part.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.