Bysûndere archeologyske fynst yn Ie
Resint ferskynd

foto: MUG Ingenieursbureau
By it wurk oan de rioelearring op de terp fan Ie is in bysûndere slypstien út de iere midsiuwen fûn. Archeolooch André Pleszynski fan MUG Ingenieursbureau út De Like, dy’t it wurk archeologysk begeliedt, fûn juster in 18 sm lange natuerstiennen wurktúch yn de Lytse Loane.
Sokke slypstiennen hearden iuwen lyn ta de fêste útrêsting fan arkkisten. Se waarden brûkt om messen, bilen, beitels en swurden te skerpjen.
De stien dy’t yn Ie fûn is, is oan ien kant trochboarre, nei alle gedachten om him sa oan in mulriem te befêstigjen. It is goed te sjen dat er in soad brûkt is. It sjocht dernei út dat er út de achtste of njoggende iuw nei Kristus is. De archeolooch tinkt dat it in museumweardige fynst is. “It komt net sa faak foar dat komplete slypstiennen fan dit formaat fûn wurde”, woe Pleszynski hawwe. It Rykmuseum foar Aldheden yn Leien bewarret in te ferlykjen fynst út de iere midsiuwen. Dy komt út Dorestad, mar de stien út Ie is grutter.

Fynplak fan de slypstien. Foto Gemeente Noardeast-Fryslân
No’t de rioelearring op de terp fan Ie ferfongen wurdt, begeliede archeologen dat wurk. Sy bringe de opbou fan de terp yn kaart. Yn de Grutte Loane en de Lytse Loane binne in soad terplagen dokumintearre. Yn de terplagen wurde fynsten dien lykas kûgelpotierdewurk en bonken fan bisten. De slypstien is ek yn sa’n laach fûn. Op de krusing fan de Grutte Loane mei de Achterwei binne sleatten bleatlein dy’t yn de lette midsiuwen om de terp hinne rûnen.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje