Boris Johnson nije premier Feriene Keninkryk

july 23, 2019 15:36

Boris Johnson (foto: Britsk ministearje fan útlânske saken en mienebêstrelaasjes)

Boris Johnson wurdt de nije premier fan it Feriene Keninkryk. Hy folget Theresa May op, dy’t opstapt is om’t it har net slagge om mei de Europeeske Uny ôfspraken te meitsjen oer de Brútstap – it ferlitten fan de EU troch it FK.

Johnson wie fan 2008 oant en mei 2016 boargemaster fan Londen. Dêrnei wie er minister fan útlânske saken. Ferline jier naam er dien, om’t er ûntefreden wie oer it hanneljen fan frou May. Johnson is in fûlen foarstanner fan de Brútstap.

It tarieden fan de Brútstap wurdt ynearsten Johnson syn wichtichste taak. Hy wol derop ta dat it FK op 31 oktober fan dit jier lid-ôf wurdt fan de EU. Mocht it dan net slagge wêze om ôfspraken mei de EU te meitsjen oer betingsten, dan wol er dat op ‘e keap ta nimme. Hy giet der lykwols fan út dat it slagje moat om der mei de EU-lannen út te kommen.

july 23, 2019 15:36
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.