Appe mei ôfkoartings yn it Limburchsk

july 30, 2019 10:23

Foto: Unsplash /

Dy’t yn Noard-Limburch in appke kriget mei de tekst bl, dy wurdt útskeld foar in suertsje, of bräöklip yn it Noard-Limburchsk. Helte aardiger is in berjochtsje mei it útstel klp mei in FE nei. It foarste stiet foar kleppe – bierdrinke, it oarde foar frietei, in folksrieme jûnlike weebyt.

Jonge Limburgers skriuwe inoar op ‘e bûstillefoan gauris yn it Limburchsk. Sa’t soks giet, binne dêr ôfkoartings by ûntstien. Dialektferiening Veldeke hat in list makke fan sokke koarte foarmen dy’t foarkomme yn Venlo en omkriten, dat elk se brûke kin. It is gjin standertlist, seit de feriening, elk moat sels mar sjen oft er der gebrûk fan meitsje wol. It doel is benammen om it makliker te meitsjen om efkes fluch wat yn it Limburchsk te typen. Njonken faak brûkte Limburchske wurden, steane der ek ôfkoartings fan bekende kafees en sportklups yn. Veldeke ropt alle Limburgers op om de list oan te foljen.

Ferline jier is der al in app ferskynd om it typen fan berjochtsjes yn it Limburchsk makliker te meitsjen. Mei de app kin men maklik letters mei aksinttekens type. De app hat ek funksje om de tillefoan riede te litte hokker Limburchsk wurd oft ien type wol. Hy is makke troch in groep frijwilligers en útbrocht troch Microsoft.

It Limburchsk is krekt as it Frysk, Nedersaksysk, Jiddysk en Romany in erkende lytse taal yn Nederlân. Oars as it Frysk hat it Limburchsk gjin eigen standerttaal en wurdt it amper brûkt as amtlike en literêre taal.

 

july 30, 2019 10:23
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.