Andere Tijden Special oer 100 jier ferkear

july 15, 2019 14:47

Meikoarten ride der yn Nederlân njoggen miljoen auto’s om. Yn ier jier 1900 wiene dat der mar 200. Yn in spesjale útstjoering fan Andere Tijden is te sjen hoe’t doarpen en stêden folslein net berekkene wiene op dy nije ferkearsdielnimmer: fuotgongers, fytsers, trams en auto’s sieten inoar flink yn it paad.

Ferkearsdrokte mei Peaske yn Scheveningen yn 1965 (foto: NTR)

Kranten omskriuwe de auto yn it begjin fan de 20e iuw as in ‘nij meunster op de dyk’ en as ‘in gefaar foar de minskheid’. Om de gaos te regulearjen ferskine nijichheden yn it strjitbyld: stopljochten, sebrapaden, parkearmeters en ferkearsplysjes. It lânskip feroaret ek: yn it hiele lân ferrize sneldiken, tunnels en akwadukten.

Nettsjinsteande ferkearslessen en foarljochtings-kampanjes falle der tsientûzenen deaden yn it ferkear: begjin jierren 70 jierliks goed 3000. Mar de auto is ek in symboal fan frijheid: makke eartiids de spoarwei út hoe’t de rûte fan A nei B gie, de auto makke it mooglik om jin te ferpleatsen wêr’t en wannear’t men mar woe.

Hoe’t de gystene opmars fan de auto yn in iuw tiid it libben en it lânskip folslein feroare.

Yn de útstjoering binne ek bylden fan de famylje Andringa út Ljouwert te sjen.

Utstjoering: moandei 15 july om 21.05 oere op NPO 2.

july 15, 2019 14:47
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.