Aant Mulder: Soe Ollongren wol minister fan Fryske Saken wêze?

july 9, 2019 07:00

Kollum

Soe minister Ollongren wol minister fan Fryske Saken wêze? It liket in nuvere fraach, mar dat is it net. Ik ha har sels sizzen heard dat se dat is, minister fan Fryske Saken. Logysk fansels, want it Frysk heart ommers by Ynlânske Saken. Mar as de minister dat sa’n klam jout, dan ropt dat ferwachtingen op. Dêr begûn se har ferhaal dus mei, dat ik tocht, it komt hielendal goed. Oan de ein fan dat ferhaal wist ik wol better. It hie der alles fan dat de minister fan Fryske Saken de Friezen saakkundich ôfsâlte hie.

Ik moat mar efkes by it begjin begjinne. Woansdei 27 juny hat in busfol Friezen nei De Haach ta west om’t dy deis de Fêste Twadde Keamerkommisje mei de minister fan Ynlânske Saken yn petear soe oer de Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer 2019-2013 (BFTK 2019-2023). De Ried fan de Fryske Beweging hie earder mei in Skaad-BFTK en mei in petysje bot op sa’n oerlis oantrune en dat hat nei alle gedachten fertuten dien. Sadwaande sieten we mei ús tritigen op de publike tribune om te harkjen nei wat de minister op de fragen fan fiif kommisjeleden fan fiif ferskillende partijen te sizzen ha soe.

Yn optocht fan de bus nei it gebou fan de Twadde Keamer

Wy wiene earst yn optocht fan de bus nei it Twadde Keamergebou rûn. Op it plein dêrfoar ha we oan de gewoane minsken en oan de parse dúdlik makke wêr’t we foar kamen. Wy ha dêr in skoftke stien om mei fjoer en faasje Fryske ferskes te sjongen. Dat slagge foar wûnder. Hoe soe ’t ek oars, wy hiene ommers Grytsje Kingma en Jaap Louwes as muzikale begelieders. Om healwei âlven koe BAST/SisTsiis in petysje oanbiede. Dy petysje wie bedoeld om dy fan de Ried fan 18 desimber 2018 te stypjen. Dat dy aksjegroep tagelyk mei in mannich oare ûnderwerpen oansetten kaam en ek noch mei in mannich minsken fan SPLIKA, in organisaasje dy’t bot krewearret foar de Antilliaanske kultuer en it Papiamintsk, makke it der allegearre lykwols net dúdliker op.

Ik hie wollen dat se wat skerper west hiene, mear oantrune hiene.

De plysjes, dy’t ús begelaten. Der waard goed op ús past.

Hawar, de fiif kommisjeleden hiene wurk makke fan dat oerlis. Der waarden fragen steld, dy’t derta diene. It wiene allegearre fragen dy’t dúdlik op de earder neamde BFTK basearre wiene. Doe’t dat klear wie, krige de minister tsien minuten de tiid om antwurden te betinken. Dat wie net folle tiid en ik frege my ôf oft soks net oars kinnen hie. De kommisjeleden hiene dochs ek yn ’t foar de fragen ynleverje kinnen. Dat hie de kâns op dúdlike antwurden grutter makke. Dat kaam der no dus net fan. De fragestellers lieten dat eins ek gewoan gewurde. Ik hie wollen dat se wat skerper west hiene, mear oantrune hiene. Ik hearde letter yn it neipetear dat de kommisjeleden bûn binne oan wat yn de fraksje ôfpraat is. Nei dy opmerkingen begriep ik it wol. Dat yn dy fraksjes sil grif ôfpraat west ha dat sa’n petear oer it Frysk wol aardich is, mar dat it de minister net te dreech makke wurde moast, om’t der grif oare en wichtiger saken binne. Sa koe de minister de fragen kreas beäntwurdzje, sûnder eins  tasizzingen te dwaan. De BFTK kaam goed oan ’e oarder, dat wol. De fragen giene benammen oer sichtberens, ûnderwiis, rjocht en soarch, de antwurden dus ek. Konkrete ûnderwerpen: it foech Frysk, de ynspeksje, de Fryske Akademy en de stúdzje Frysk oan de Ryksuniversiteit yn Grins.

Tagelyk is de minister wol fan betinken dat it regear en oaren  

mei de hannen fan de ynspeksje ôfbliuwe moatte.

As ik de antwurden besykje gear te fetsjen, dan komt it derop del dat de minister fan betinken is dat de BFTK in goed dokumint is, dêr’t de plannen foar de kommende fjouwer jier dúdlik yn beskreaun steane. De minister neamde it sels de meast ambisjeuze BFTK sûnt 1989, doe’t de earste BFTK ta stân kaam. Jo moatte mar doare! Dat wie de earste reade tried yn de antwurden. It wurdt dus in goed dokumint fûn. Der wie ek in twadde tried, dy fan it oerlis mei oaren. It is benammen de provinsje Fryslân dy’t oan set is en dy moat de romte ha. De minister wol wol oerlizze en dat sil se ek dwaan. Fierder wol se net gean. Tagelyk is de minister wol fan betinken dat it regear en oaren mei de hannen fan de ynspeksje ôfbliuwe moatte. Fan in Fryske ôfdieling of fan in Fryske ynspeksje wol de minister gjin praat hearre. Dan wurdt har ferhaal efkes hiel dúdlik. Dy twadde reade tried fan it oerlis hâldt ek yn: oerlis mei de minister fan ûnderwiis, de minister fan sosjale saken, de minister fan justysje en feiligens en sa fierder. Dêr sil de minister de measte fragen mei beprate. Dat makket dat gâns wat antwurden dus net daliks yn dy gearkomste jûn wurde koene. It kin lykwols noch slimmer. Oer de Fryske Akademy waard sein dat ôfpraat is dat in ôfspraak makke wurdt. Dat sjit net op. De antwurden nammers ek net. De kommisjeleden krije dy antwurden yn in brief, in sammelbrief, dy’t net earder komt as oan de ein fan dit jier. It duorret efkes, mar it wurdt grif in nijsgjirrige brief. Dêr sil de minister dan ommers dochs wat dúdliker yn oanjaan moatte hoe’t it komt mei de sichtberens fan it Frysk (de plysjejaskes), it tekoart oan leararen Frysk, de twa tema-ûndersiken, de ynspeksje, it Frysk yn de rjochtspraak. Woansdei moasten we it dwaan mei ien konkreet antwurd. It jild foar Dingtiid wurdt yndeksearre.

De petysje waard oanbean oan de foarsitter fan de Twadde Keamerkommisje foar Ynlânske Saken, Harry van der Molen

Dy brief is grif oanlieding foar wer sa’n kommisjegearkomste. Dêr moatte we op ynsette en as it derfan komt, dan moatte we der wer hinne en dan mei mear minsken! Gjin nije petysjes, gjin nije ûnderwerpen, mar deselde! Ik sis dat om’t letter dy deis op it ministearje fan ûnderwiis dochs wer oare ûnderwerpen as dy’t yn de petysje en it kommisje-oerlis bepraat waarden oan ’e oarder kamen. Wat mear ûnderwerpen wy oan ’e oarder stelle, wat minder wy bedije. Dat moatte we net wolle.

foto’s: Aant Mulder
Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 6 july yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.
july 9, 2019 07:00
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. jangerben july 10, 09:32

    Sa’t de minister seit, wy moatte mei de hânnen fan de ynspeksje ôfbliuwe. Mei oare wurden de ynspeksje hoecht oan nimmen ferantwurding ôf telizzen.

  2. RobMokum july 11, 11:36

    Yn Kataloanje is it ûnderwiis folslein Katalaasktalich, yn Wales is Welsk ferplichte op skoalle op in folle heger nivo as it Frysk hjir (en dat wylst Welsk folle minder besibbe is oan it Ingelsk as it Frysk oan it Nederlânsk) en binne se fan doel om stadichoan oer te skeakeljen nei it Katalaanske model. En hjir? Hjir sitte sa’n 30 Friezen te harkjen nei in minister dy’t neat tajout. Hulde oan dy 30, mar foar mear Frysk yn it ûnderwiis is selsbestjoer of in nije kneppelfreed nedich.

  3. mbc84 july 11, 17:42

    @RobMokum: Friezen binne al sa ferhollânske, it kin harren net sa folle skele. It is harren like folle as de ko skyt of de bolle. Hoe moai en bysûnder ik it Frysk en Fryslân ek fyn, Friezen binne dweilstikken. Selsbestjoer foar Fryslân komt der nea, want dat wolle en kinne de Friezen net. Dêr is it in fierstenste nuet folk foar. Och heden, je soenen mar útmakke wurde foar nasjonalist, stel je foar! En dêr sit it him ek krekt. Friezen binne hielendal (spitigernôch) net sa nasjonalistysk as dat beweard wurdt en allinnich mei in flinke poarsje nasjonalisme kinne wy it noch oprêde. Mar heden heden, dan moatte je al wat útslute en och heden heden, dat mei net fan de linkse tsjerke (dêr’t te folle Friezen noch altiten nei harkje)

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.