Aant Mulder: Pankoekite

july 30, 2019 07:00

Kollum

Diskear ris net in dreech ferhaal. It is op ’t lêst simmer, fakânsjetiid, en dat is oan alles te fernimmen. Foar ús betsjut it dat we wiken efterinoar útfanhuzerkes ha. De bernsbern ha betocht, al of net stipe troch de heit en mem, dat se stik foar stik wol in wike útfanhûs komme wolle. It jout drokten, dat wol, mar we fine it fansels prachtich. Wy rinne en fytse, wy besjogge de natuer, wy fange sels kikkerts. Wy dogge yn sokke wiken gauris dingen dy’t we oars net dogge. Dy aktiviteiten fariearje fan bistetún oant museum en fan Speelbos oant Jumpstile om dêr te trampolinespringen. Sa kamen we okkerwyks ek yn de ‘kinderboerderij’ yn Snits. De jongste pakesizzer fermakke him dêr ta de teannen út en foar pake betsjutte dat: triuwe, lûke en roeie en sa noch in pear dingen. Likegoed kin dat mantsje him hiel goed allinne fermeitsje. Dat pake hie tiid oer en tefolle. Hy ferfeelde him suver mar wat. Dan is it in hiele aardichheid om om jin hinne te sjen nei boartsjende bern en kofjedrinkende grutten. Inkeldris wurdt de oandacht lutsen troch petearen fan oaren, gewoan om wat sein wurdt, of om hoe’t dat sein wurdt.

Tichteby ús sit in beppe mei trije beppesizzers. It liket my in bannich groepke ta. Sy jouwe yn alle gefallen aardich wat drokte út. Likegoed hat beppe der sa te sjen gjin wurk fan. It giet allegearre like fleurich om en ta. Dat petear fan dat drokke groepke kringt ta my troch en kriget my yn de besnijing, net om’t se Frysk prate, mar om hoe’t se dat dogge. Sy ha it deroer wat se de jûns ite sille. Nei wat hinne en wer gepraat wurde se it iens. De trije famkes wolle graach dat beppe ‘pannekoeken’ makket. As beppe wifket, roppe de trije bern yn koar: ’pannekoeken meitsje, pannekoeken meitsje’. Ik fyn it moai dat beppe en beppesizzers Frysk prate. Dat hear ik gauris oars. Tagelyk betink ik dat ‘pannekoeken meitsje’ fansels net doocht. It hat der alles fan dat it Fryske wurdsje pankoeken net mear kend wurdt. Beppe wit it grif noch wol, mar lit it gewurde. Datselde jildt foar pankoeken meitsje. Dy meitsje we net, dy bakke we. Alteast sa wie dat altyd. Eartiids koene we gewoan mei ien tiidwurd ta: pankoekbakke, pankoekje en dus pankoekite! Dat waard doe ek faak en folle dien. Wy ieten alle kearen as in ko kealle hie pankoeken. Dy waarden bakt fan de bjist, de earste molke fan in ko dy’t kealle hie. Dy molke koe net nei ’t fabryk. Dy wie foar de keallen en om te pankoekbakken. Sa ieten hiele húshâldingen gauris pankoeken.

Dat is feroare. Pankoeken wurde eins allinne noch mar iten as bern derom freegje. It pankoekbakken wurdt gauris in hiel gedoch fûn en dan bringt de supermerk útkomst. Dêr lizze de pankoeken, dy’t dêr ‘pannenkoeken’ hjitte, ommers kant en klear foar ’t meinimmen. Sy hoege allinne noch mar efkes yn de magnetron! Wa’t der hielendal gjin wurk fan ha wol of krekt wat in feestliker iterij yn gedachten hat, nimt fansels in pankoekrestaurant, dat ornaris ‘pannenkoekenrestaurant’ op de muorre stean hat, foar kar. Sa giet net allinne de namme mar ek de tradysje fan pankoekbakken ferlern.

Likegoed doch ik dan de pankoekrestauranten
dy’t oanslute wolle by de taal en by de tradysje gjin rjocht.

Eartiids wiene pankoeken sa gewoan dat we dat begryp yn in ferskaat fan betsjuttingen ek folle faker yn de taal tsjinkamen. Tink mar oan: pankoekspanne, pankoekbakker (in apartenien), ompankoekje (hieltyd mei itselde ompiele), sa plat as in pankoek (sa plat as in dûbeltsje), of de pankoek omkeare (opnij begjinne), alle bûter op ien pankoek smite (folslein ynsette op ien ding). Der binne wol mear moaie siswizen: Men moat in pankoek net om in aai bedjerre (men mei in ferhaaltsje wol wat moaier meitsje), of Earmeljus pankoeken en rikeljus sykten rûke fier. (Wat de rike oerkomt falt mear op of it soe wêze moatte dat de earme ris in ferfaltsje hat). Yn guon kriten hiene se it net oer in pankoek mar oer in stro en dus oer strobakke, strookje en sa fierder. It hat der alles fan dat dy wurden foar in grut part út ús taal ferdwine, betocht ik doe’t ik dat petear oer ’pannenkoeken’ meitsjen hearde.

Likegoed doch ik dan de pankoekrestauranten dy’t oanslute wolle by de taal en by de tradysje gjin rjocht. It is moai dat guon wurk meitsje fan it Frysk en fan it pankoekbakken. It pankoekshûs ‘De Koepoort’ yn Sleat is dêr in moai foarbyld fan. Dat se Frysk binne, wolle se wêze. Wa’t in pankoek of wat oars bestelt, kriget in placemat mei dêr de Fryske flagge op, dy’t like grut is as de placemat sels. Op dy flagge stiet it hiele Fryske folksliet fan fjouwer strofen ôfprinte. Guon minsken dy’t it folksliet wolris songen ha of sjongen heard ha, ha niget oan dy fjouwer kûpletten. Wy sjonge ommers mar ien en dat falt noch net iens ta. En dan te witten dat it sân strofen west ha. Oaren fernuverje har mear oer guon wurden yn dat folksliet. Wurden as tsjoch, betrutsen en sa. Dat ‘tsjoch’ stiet yn de earste strofe. Dat wurdsje kinne we hast allegearre wol, mar we begripe it net allegearre goed. It betsjut: derop útgean, yn aksje komme, sokssawat. Ornaris wurdt tocht oan ‘sjoch’ en dus oan ‘sjen’ . Dat is it dus net. Likegoed fyn ik it wol moai dat guon dat wurdsje wol yn in oare betsjutting kenne: tsjoch, ‘proost. Dan soe ús folksliet samar in drinkliet wêze kinne en dat is it fansels net. Sa soe ’t oars wol moai by in pankoeksrestaurant passe. Pankoekje mei in gleske bier of wat oars derby, inoar tsjoch taroppe en dan pankoekite. Dat kin goed yn De Koepoort. Se ha op ynternet in wurdearring fan 9,2. Dat pankoekbakke kinne se dus!

foto’s Aant Mulder
Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 27 july yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.

 

july 30, 2019 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.