Aant Mulder: It nije bestjoersakkoart fan de Provinsje

july 23, 2019 07:00

Kollum

It hat efkes duorre mar no ha we dan sûnt in goed moanne in nij bestjoersakkoart en in nij provinsjaal bestjoer. Dat nije bestjoersakkoart ha se lang oer dien en it fernuveret my dan ek net dat it in hiel ferhaal wurden is. It binne sa’n 68 bledsiden. Ik sykje fansels daliks om wat se oer ús taal ôfpraat ha. Dêr wurd ik yn earste ynstânsje net bliid fan. It dokumint hat tsien haadstikken en ús taal komt net earder as yn haadstik 8 oan ’e oarder. Ik hie wollen dat se dêrmei begûn wiene. Hawar, haadstik 8 dus! Dat is noch net alles. It dokumint set foar it hiele belied yn op 55 resultaten. Wat de Fryske taal oanbelanget giet it om mar trije alinea’s en twa resultaten. Dat binne tagelyk de alderlêste resultaten. Resultaat 54: Wy stribje dernei om de ynspeksje Frysk fan it Ryk oer te nimmen. Resultaat 55: It gebrûk fan it Frysk troch ynwenners, Fryske organisaasjes en yn de iepenbiere romte is sichtber en mjitber omheech gien. Oer fjouwer jier dus! Dat is it, net mear en net minder. Sa besjoen komt it Frysk dus wer aardich op it janpoepsplak.

De namme fan dy flyer allinne al waard ik bliid fan:
Ekstra enerzjy foar it Frysk.

Yn de trije alinea’s wurde ek noch wol in pear oare dingen sein. Sa moat net allinne it Frysk folle sichtberder yn de iepenbiere romte fan Fryslân wurde, mar moat ek it tal minsken dat Frysk praat, lêst en skriuwt grutter wurde. Der stiet ek dat Friezen har frij fiele moatte om Frysk te praten by in grut part fan de kulturele aktiviteiten en ynstellingen en yn de soarch, it bedriuwslibben, de oerheid en de rjochterlike macht. Tagelyk moat beskrept wurde dat it Frysk ek yn de digitale wrâld en de media in libbene taal is.

Ik ha it gefoel dat de grûnhâlding feroare is, positiver wurden is. As ik gelyk ha, dan is der mear as in bytsje mooglik. Dat sis ik net samar. Ik ha foarbylden. Doe’t we fan de Ried fan de Fryske Beweging. yn De Haach wiene foar it Twadde Keamerkommisje-oerlis moeten we dêr de âlde en dus tagelyk de nije deputearre Sietske Poepjes. Sy dielde flyers út. De namme fan dy flyer allinne al waard ik bliid fan: Ekstra enerzjy foar it Frysk. De ynspeksje, de rjochtbank, de sichtberens en mear omtinken foar streektalen wurde yn dy flyer neamd. Der wiene minsken dy’t dêr daliks negatyf op reagearren. Dat binne grif minsken dy’t de efterkant net lêzen ha. Soe it wol earder bard wêze dat in deputearre út namme fan de provinsje Fryslân dat sa die, sa dúdlik makke wat se berikke wol? Ik tink it net. It betsjut fansels tagelyk dat op de neamde ûnderwerpen resultaten behelle wurde moatte. Dat kin net oars. Ik bin der net wis fan, mar it krewearjen fan de Ried foar de Fryske Beweging en oaren mei Skaad-BFTK, petysjes en oantrúnjen op in oerlis fan de Fêste Keamerkommisje mei de minister hawwe, likegoed as de aksjes fan BAST/SisTsiis yn Ljouwert en De Haach, grif mei fan gefolgen dat der no wat in oare wyn waait.

Der is mear te melden. Ik lês oer de finansjele kant fan it hiele ferhaal dat it provinsjaal regear yn de kommende fjouwer jier gâns ekstra yn taal en ûnderwiis ynvestearret: it giet om 20-25% mear as yn de foarige perioade. Dat is 6 miljoen euro derby! Dat om it jild hoecht it net oer te gean. Ik ha der daliks ek wol in pear bestimmingen foar.

Redaksjes fan kranten en Omrop ha te min minsken,
dy’t ta de betûfte brûkers fan it Frysk rekkene wurde kinne.

Yn kontakten mei NHL Stenden en mbû-skoallen.(Frysk yn de soarch) hear ik dat dy ynstellingen net allinne graach goede lessen jaan wolle, mar ek goede eksamens ôfnimme wolle, foar it Frysk likegoed as foar de oare fakken. Dat is posityf. It is dêrom tagelyk wer spitich dat dy skoallen hieltyd mear war dwaan moatte om goede dosinten te finen. Datselde jildt foar minsken dy’t ferstân ha fan eksamens. Dat krije de skoallen sels – al of net yn gearwurking mei oaren – net goed of net goed genôch foarinoar. Dat fereasket saakkundigens dy’t de skoallen apart net ha, mar wat yn gearwurking mei bygelyks de Afûk goed te regeljen wêze moatte soe. De Provinsje, dy’t heech ynset op ûnderwiis, wurket grif fan herten mei. Hiel koart gearfette: it ûnderwiis wol foar it Frysk ek goede learlingfolchsystemen, toetsen en eksamens ha, en dat moat allegearre goed troch de ynspeksje kontrolearre wurde. Posityf dat skoallen dat wolle. Foar dy skoallen is it Frysk dúdlik mear as it suertsje by de boadskippen. Dêr kin de ynspeksje in foarbyld oan nimme.

Wat foar de skoallen jildt, jildt eins ek foar de media. Redaksjes fan kranten en de Omrop ha te min minsken dy’t ta de betûfte brûkers fan it Frysk rekkene wurde kinne. De kranten soene wol mear Frysk brûke wolle en Omrop Fryslân is dêr noch dúdliker yn, dat ha ’k út de earste hân. Mar ja, op skoallen foar de sjoernalistyk komt it Frysk net oan ’e oarder. Fyn dan mar ris sjoernalisten dy’t har goed mei it Frysk rêde kinne. Dat falt net ta. As de media dy minsken sels opliede moatte, giet it fansels om tiid en jild dat se dochs al te min ha en dan wurdt it in helte lestiger ferhaal. Der moat wat barre. Of de skoallen foar sjoernalistyk moatte it yn it oanbod opnimme of de Provinsje soe masterklassen of sels in hiele oplieding oanbiede moatte.

It wurdt hieltyd dúdliker dat guon skoallen, media en ynstellingen wol wolle, mar dat se de minsken net ha dy’t it dwaan kinne. It wurdt dêrom tiid om op it Frysk fan saakkundigen yn it ûnderwiis, de media en de rjochtbank yn te setten. It soe moai wêze as it nije bestjoersakkooart dat fan gefolgen hat!

Hjir is it folsleine bestjoersakkooart tyn te sjen: Bestjoersakkoart 2019-2023 Lok op 1

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 20 july yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.
july 23, 2019 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.