Aant Mulder: Fryslân is gjin Súd-Tirol

july 2, 2019 07:00

Kollum

Fryslân is gjin Súd-Tirol, betocht ik yn ’e fakânsje. Ik wie dêr en ik koe it net litte en hâld my efkes dwaande mei wat se dêr prate. Yn Súd-Tirol ha se om te begjinnen in trijetalige situaasje, dy’t mei de oarloggen hieltyd wer feroare, fan Dútsk nei Italiaansk en werom fan Italiaansk nei Dútsk. Eins wie it Ladinysk – ien fan de Reto-Romaanske talen – de iennige mar wol hieltyd lytser wurdende konstante. Om’t ik in Fryske Fries bin gie myn sympaty daliks út nei dy lytse taal. Dêr aanst mear oer.

As we yn Súd-Tirol of Alto-Adige komme, sjogge we daliks twa plaknammen op de buordsjes stean, de Dútske boppe-oan, de Italiaanske derûnder. Dat hat yn it ferline oars west, want Dútsk en Italiaansk ha om bar foar master opslein. Súd-Tirol hat krekt as Tirol yn Eastenryk eins altyd yn Dútsk-Eastenrykse ynfloedsfearen lein. It wie in Dútsktalich gebiet mei in Ladinyske en Italiaanske minderheid. Dat hat duorre oan de Earste Wrâldoarloch ta. Yn dy oarloch keas Italië foar de Entente, sis mar de kant fan Dútslân, Eastenryk en Hongarije. Dat waard beleanne mei Súd-Tirol en dat gebiet anneksearre Italië nei dy oarloch. Súd-Tirol waard Alto-Adige. It Dútsk mocht doe net mear as offisjele taal brûkt wurde. Der kamen nije Italiaanske plaknammen. Sels fan efternammen waarden Italiaanske efternammen makke. Dêr bleau it net by. Mussolini regele it sa dat Italianen om wurk dy kant út stjoerd waarden. It doel wie dúdlik, Alto-Adige moast in folslein Italiaansk gebiet wurde.

Der is blykber kont yn de broek foar nedich om dat wat op papier stiet
yn de praktyk wiermakke te krijen.

It waard noch helte slimmer doe’t Hitler en Mussolini bûnsmaten waarden. De Dútsktalige Súd-Tirolers koene doe yn de lêste jierren foar de Twadde Wrâldoarloch de Dútske nasjonaliteit foar kar nimme en nei Dútslân ta ferhúzje en oars moasten se har fierder as folsleine Italianen hâlde en drage. De measten keazen foar de Dútske opsje. Troch oarlochsomstannichheden kaam dêr lykwols net folle fan op ’e hispel. Nei de oarloch woe Súd-Tirol gewoan wer by Eastenryk hearre. Dy romte joegen de alliearden net, mar der kamen wol mear rjochten foar de Dútsktalige ynwenners, alteast op papier. Underwilens stipe de oerheid dat hieltyd mear arbeiders út oare Italiaanske streken wei nei Alto Adige ta gyngen. Sa waard Bozen ta Bolzano, de earste stêd dêr’t de Italianen yn de mearderheid wiene. Dat de spanningen tanamen kinne we fan tinken wol ha. De Súd-Tirolers kamen yn de twadde helte fan de foarige iuw yn ferset, de saneamde fjoernachten. Stânbylden waarden fernield, elektrisiteitsmêsten opblaasd. Guon aktivisten rekken yn de finzenis en der foelen twa deaden. Eastenryk en de ynternasjonale opiny woene dat it ophold en dat de Dútsktalige mearderheid rjochten krige. Dat barde.

Sûnt 2000 giet dat foar wûnder. De provinsje krige mear foech, mear autonomy! Dútsk-, Italiaansk- en Ladinysktaligen ha no ferlykbere rjochten. Dat hie wol fan gefolgen dat de Italianen dy’t dy kant út kommen wiene guon privileezjes kwytrekken en dêrom stadichoan wer ôfsetten. Underwilens betink ik dat it papier dus gewillich wie. Dat wie sa yn Súd-Tirol en dat is te uzes noch sa. Der is blykber kont yn de broek foar nedich om dat wat op papier stiet yn de praktyk wiermakke te krijen. Hawar, guon Friezen ha woansdei nei De Haach ta west. Dat soe in begjin wêze kinne. Faaks moatte we noch wat mear oandoare! Yn Súd-Tirol ha se no yn alle gefallen trije befolkingsgroepen, dêr’t de taal en kultuer as bestjoers- en kultuertaal fan erkend wurde. Dat jildt ek foar ús beide talen, op papier teminsten! Likegoed wolle de Dútsk- en Ladinysktaligen noch hieltyd by Italië wei.

Opnij tink ik, dat it dus net slagget sûnder mear foech foar de eigen provinsje.
Dêr net en hjir ek net!

De grutste helte is no Dútsktalich (62%). Dan komme de Italianen mei 23% en de Ladiniërs mei 4%. Guon wetten fan Súd-Tirol binne wichtiger as dy fan Italië en dan giet it benammen om iepenbiere amten, ûnderwiis, romtlike oardering, jacht en fiskerij, kommunikaasje en transport. Fierder moatte de trije befolkingsgroepen yn it regear fertsjintwurdige wêze. Dêr ha se in moai systeem foar. Om de tsien jier wurde de ferhâldingen opnij fêstlein. Minsken moatte oanjaan by hokker fan de trije taalgroepen se hearre of hearre wolle. Dat docht my suver in bytsje tinken oan ús taalatlassen. Allinne yn Súd-Tirol dogge se wat mei de útkomsten en dat hat der by ús wol oan! Om diskriminaasje foar te kommen is de ferhâlding tusken de trije groepen beskiedend foar de ferdieling fan de banen by de oerheid. Fierder nimt de oerheid, as it om de kommunikaasje giet, de keazen taal foar kar. Ut dy folkstellingen wurdt dúdlik dat yn fierwei de measte gemeenten (133) de Dútsktaligen yn de mearderheid binne. Dat binne ornaris de plattelânsgemeenten. De Italiaansktaligen ha mar yn fiif gemeenten de mearderheid, mar dat binne wol krekt de stêden, wylst de Ladinysktaligen yn acht gemeenten de mearderheid foarmje.

Opnij tink ik dat it dus net slagget sûnder mear foech foar de eigen provinsje. Dêr net en hjir ek net! It persintaazje Frysktaligen soe der yn it iepenbier bestjoer ta dwaan moatte, de kommunikaasje soe dien wurde moatte yn de eigen keazen taal. It liket my in goed ding ta om better te witten wat oare minderheden bedijd ha en dan net allinne op papier mar ek yn de praktyk. Ien ding is dúdlik. Neat komt fansels. Wy moatte net tefreden wêze om’t it allegearre moai op papier stiet. Nee, wy moatte wat mear komt yn de broek ha! Of sa’t de âld-foarsitter fan de Ried fan de Fryske Beweging it sei: ’De Ried hat ferlet fan in wat mear aktivistyske foarsitter’. Aksje! Hy hat hielendal gelyk.

Foto op thússide:
Súd-Tirol (Lago di Sorapis).
Dútsk en Ladinysk: Südtirol; Italiaansk: Alto Adige, ynformeel Sudtirolo
foto: Aant Mulder

Foto ûnder:
Italiaansk:Cortina d’Ampezzo, Ladinysk: Anpëz of Anpezo, Dútsk: Hayden
foto: Aant Mulder

Ferkearsboerd: Wikipedia

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 29 juny yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.

 

 

july 2, 2019 07:00
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. jangerben july 2, 18:26

    Kreas stikje Aant en dat de Friezen wat mear kont yn de broek ha moatte is ek wier.Sa as ôfrûne woansdei nei Den Haach dat der dan net mear mei gienen.En it wiene allegearre grize dowen, de jonkheit hat der gjin m boadskip oan.By ús op it doarp( ferhollânsket it hurd. De supermarkt by de famkes efter de kassa. ik sis dan wolris ouwehoerderich : kin itb ek yn it Frysk, ik ferstean gjin Hollânsk.Bij it deiferbliuwv foar âlden wêr’t ik frywilligersjauffeur bin bin ik de ienichste dy’t altiten Frysk praat. de Oaren hoege mar in Hollânsk wurd te hearren en se ferbrekke harren daliks.Sommigen hymje der oer,!

  2. @Nordenslys july 3, 10:55

    It ferskil is wol dat it yn Súd-Tirol giet om twa grutte talen, Dútsk en Italiaansk, werby Italiaansk lykas it Hollansk oplein is. Mar Fryslân hat syn eigen taal en dat makket wol in ferskil. Foar it Dútsk hoecht minder dwaan te wurden om it te behâlden, foar it Frysk wol! Dermei is it Hollânsk folle mear in oerhearskende taal troch media en underwiis. Dêrom moat der yn Fryslân folle mear dien wurde mei it Frysk en meit it Frysk yn it earste plak. Dus Frysk boppe oan, op alle buorden en yn de politiek. Ik hear no krekt dat CDA’ers yn de provinsje ek hast gjin Frysk prate, dus dêrom moatte der mear Frysktaliche ferstjinwurdichers komme en moat de provinsje ek mear autonomy krije. Leafst yn de takomst ék mei in Ynterfryske fertsjinwurdiching!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.